10 Jier de Suskes

28 oktober 2019

Wizige op 28-11-2019, 09:03:25

10 Jier de Suskes

Op 26 oktober wie it safier…mei 2 bussen fol!! Sa’n 100 Weidummers (e.o.) setten ôf nei de Trije yn Frjentsjer om dêr feest te fieren mei ús Weidumer Suske Sytse Haima. Dress-code wie read en as cadeau kriigen we een sjaaltsje mei ’10 jier De Suskes’ d’r op…prachtich! It wie krekt een skoallereiske….50 pratende en wille meitsjende minsken per bus.

Yn Frentsjer begun de jûn mei Jelle B, dernei de band: Joop Obama & the presidents, doe DJ Sipke en dernei wie it safier….De Suskes! Alle 100 sjaaltsjes giene de loft yn. Dik oardel oere wiene de feestnûmers fan De Suskes te hearren, we giene fan linkslinkslinks nei rechtsrechtsrechts, we ha molken en fansels ûntbruts ‘De boeren aan de macht’ net.

Fokke Dam bood noch een ferrassings oantinken oan De Suskes oan en sels Wiske (sjongeres Esther Bootsma fan ‘Lime’) song 2 nûmers mei. Wat een feest!! Nei dit geweldige optreden kaam Snollebolleke it poadium op en slúte DJ Sipke de jûn ôf.

Om 02.30 oere stiene de bussen wer klear en setten we wer ôf nei Weidum. Tige tank Suskes foar in prachtige jun, en Remmelt, tank foar de organisaasje!!

MEAR FOTO'S FOLGJE