D’UM

Spulwike 2026

2 july 2026

Spulwike 2026

Op snein 7 juny kaam de Spulwike-lieding fan 2026 byelkoar yn restaurant Jonker Sikke om it nije seizoen te bepraten. It tema is dit jier: ‘As ik letter grut bin’ en om alfêst yn de stimming te kommen kamen de measte minsken ferklaaid yn allerhanne beroppen oansetten. Nei ôfrin fan de gearkomste wie der in moetingsfeest mei de lieding fan Easterwierrum en Easterlittens yn it Mammemahûs.
Spulwike is dit jier fan 6 oant 10 july foar bern fan groep 3 oant 8. Twa dagen foar de jongere bern en 4 dagen mei in nacht sliepen foar groep 7 en 8. De opjeftes fan bern binne wer oerweldigjend en alle groepen sitte fol. It wie in tige slagge startfeest en de lieding kin hast net wachtsje oant it safier is dat se harren wer ynsette kinne om mei de bern allegearre aventoeren en lol te belibjen!

Marineke van der Zijpp