18 oktober 2026

Trije bysûndere dagen yn Weidum
Weidum stie fan 16 oant en mei 19 augustus folslein yn it teken fan de 50ste Frouljus PC. Trije bysûndere dagen, mei elk in eigen karakter: de boekpresintaasje en de grutte reüny op snein, de lotting op moandeitejûn en fansels de jubileumwedstriid op woansdei. Trije dagen dêr’t it ferline, it heden en de takomst fan it frouljuskeatsen byinoar kamen.
Snein 16 augustus – boekpresintaasje en reüny
De snein begûn om 16.00 oere mei de presintaasje fan ‘OP EIGEN KRÊFT’, it boek oer de skiednis en ûntwikkeling fan it frouljuskeatsen. De direkte oanlieding foar it boek wie it fyftichjierrich bestean fan de Frouljus PC. Mar al gau waard dúdlik dat it ferhaal folle grutter wie as allinnich dy wedstriid. It frouljuskeatsen hat in folle langere skiednis.
By de boekpresintaasje wiene ek twa froulju oanwêzich dy’t al keatsten lang foardat der in Frouljus PC bestie: Zus (Jacoba) Wijbenga, 90 jier, eartiids út Aldebiltsyl, en Pietsje Tjeerdsma-Gerbens, 85 jier, eartiids út Wommels. Se keatsten yn in tiid dat it frouljuskeatsen der hiel oars útseach as hjoed-de-dei. Harren oanwêzigens makke de lange skiednis fan it frouljuskeatsen dy middeis hiel bysûnder.
Der waard ek stil stien by de keatsters dy’t der net mear binne, froulju dy’t in plak hiene yn de skiednis fan de Frouljus PC.
In bysûnder momint wie de bydrage fan Romke Toering. Hy lies in spesjaal foar dizze gelegenheid skreaune kollum foar. Yn it boek is omtinken foar ien fan de earste ferslaggen fan in keatswedstriid foar froulju: it ferslach fan in partij yn 1974 yn Jorwert, dat troch Romke skreaun waard.
Nei syn kollum mocht hy it earste eksimplaar oerhandigje oan Janneke Pagels. Janneke hat har de ôfrûne twa jier yntinsyf mei de ynhâld en skiednis fan it boek dwaande holden. Mar har betsjutting foar it frouljuskeatsen giet folle fierder werom.
Nei de oerdracht naam Janneke it wurd.
Se fertelde dat se noch altyd hiele goeie herinneringen oan Weidum hat. “Het voelt voor mij als thuiskomen,” fertelde se.
As fyftjinjierrige die se yn Weidum mei oan it ledekeatsen. De famyljes Tamminga, mei Tryntsje en Durkje, Swierstra, mei Pytsje en Monsma, mei mem Froukje en dochter Ytsje, wiene altyd tige gastfrij. Yn it skoft fan de ledepartij koe se dêr mei-ite. Foar Janneke wie dat mear as allinnich in waarm wolkom. Dêr lei foar har it fûnemint fan it keatsen. Eltse kear as se yn Weidum komt, tinkt se werom oan dy tiid.
Dêrnei naam Jan Suierveld it wurd. Hy fertelde oer it begjin fan de Frouljus PC yn 1977 en hoe’t de partij him yn de rin fan de jierren ûntwikkele hat ta de wedstriid sa’t dy hjoed-de-dei is. Hy wie fan it begjin ôf nau by de Frouljus PC belutsen en koe dêrtroch moai fertelle oer de ûntwikkeling fan doe oant no. Dat de Frouljus PC fyftich jier letter noch altyd sa’n fêst plak yn it Fryske keatsen hat, makket him sichtber grutsk. Jan hat oant en mei 2019 deifoarsitter west fan de Frouljus PC.
Nei de boekpresintaasje gie de dei fierder mei de grutte reüny. Sa’n 190 âld-keatsters en keatsters fan no, kamen nei Weidum om inoar wer te treffen. Foar in soad froulju wie it jierren lyn dat se elkoar sjoen hiene, mar de petearen kamen al gau op gong. De tinte folde him mei in hearlik kabaal fan stimmen, praten en laitsjen. Alde ferhalen kamen wer boppe: oer wedstriden en oerwinningen, oer dy iene partij dy’t krekt ferlern gie, oer reizen en oer de sfear fan it keatsen fan doe en no. Der waard bypraat, oantinkens waarden ophelle en in protte ûnderfiningen waarden mei-inoar dield.
By de yngong fan de feesttinte stie oan it begjin fan de middei Jan Suierveld. Hy hjitte alle 190 reünisten persoanlik wolkom. In moai byld: de man dy’t oan de widze stie fan de Frouljus PC en no, hast fyftich jier letter, by de yngong om de froulju fan doe en no wolkom te hjitten.
Foar it ‘natje en droogje’ wie alles geweldich foarinoar. Lykas de oanklaaiïng fan de tinte.
De frijwilligers fan it Doarpshûs hiene der in soad wurk fan makke. In opfallend en orizjineel ûnderdiel wiene de fyftich grutte strânballen, dy’t omtsjoend wiene ta keatsballen. In moaie ferwizing nei de 50ste Frouljus PC. Hotel & Eetcafé Duhoux út Wurdum soarge foar in geweldich ‘lopend buffet’, dêr’t elkenien lekker fan genietsje koe. Sa wie der ek ûnder it iten alle romte om fierder te praten en oantinkens op te heljen.
De hiele reüny wie oant yn de ‘puntjes’ fersoarge. Hammie Westra, âld-keatser út Wommels, dy’t mei grut entûsjasme dizze reüny mei organisearre hat, wolle wy tige tank sizze. Mar ek grutte tank oan alle frijwilligers fan it Doarpshûs. Hulde!!
Moandeitejûn 17 augustus – lotting en Frijwilliger fan it Jier
Moandeitejûn om 20.00 oere wie it tiid foar de lotting fan de 50ste Frouljus PC. Hast alle 36 keatsters wiene oanwêzich en sieten klear yn harren tenue. De lotting waard holden yn de feesttinte en makke de spanning foar de jubileumwedstriid merkber.
De earste omloop smiet daliks in nijsgjirrige partij op. De topfavoriten Louise Krol, Jeska Terpstra en Sjanet Wijnia troffen it sterke partoer fan Larissa Smink, Anouk Smink en Senne Idsardi. It lêste partoer dat him foar de PC pleatste, wie it trio Brecht Grovenstein, Rikst Baarda en Martsen van der Goot. Alle trije binne debutanten. Sy wisten har fia de keatsoff yn Wommels te kwalifisearjen.
Mar der wie dy jûn mear. Jacqueline Monsma waard beneamd ta ‘Frijwilliger fan it Jier’.
Al goed santjin jier set sy har mei hert en siel yn foar Nije Kriich. Sûnt 2018 is se bestjoerslid en hat se sawol de funksje fan sekretaris as foarsitter ferfolle. Ek foar de administratyf-organisatoaryske saken en it helpen by trainingen draait se har hân net foar om. Se is ien fan dy minsken dy’t der gewoan steane as der wat dien wurde moat. Har jierrenlange ynset waard dan ek mei in waarm applaus begroete. It korps soarge foar in moai en ferrassend momint. De deifoarsitter wie efkes fergetten op tiid in sinjaal te te jaan foar de opkomst mar gjin panyk, de muzikanten kamen sels de tinte al yn. Se spilen spesjaal foar Jacqueline, mar ek foar de twa keatsters dy’t harren jierdei fierden. In moaie oanfolling op in jûn dêr’t de sfear al tige goed wie.
Nei ôfrin fan dizze lottingsjûn krigen alle keatsters, as oantinken oan it fyftichjierrich jubileum, in moai wynglês mei it logo fan de Frouljus PC derop en in lyts fleske wyn. Dit waard tige wurdearre.
Woansdei 19 augustus – de 50ste Frouljus PC
Woansdei wie it safier: de 50ste Frouljus PC. It keatsfjild wie it sintrum fan de dei. Der waard keatst mei spesjaal foar dizze gelegenheid makke keatsballen mei it nije logo fan de Frouljus PC.
Ien fan de meast emosjonele mominten fan de dei wie yn it skoft. Afke Hijlkema en Wiesje van der Berg, mei wa’t Géjanna Dijkstra-Buma 25 jier lyn de 25ste Frouljus PC wûn hie, brochten ûnder grut applaus blommen nei de mem en man fan Géjanna. Géjanna, dy’t yn april fan dit jier, op 48 jierrige leaftiid ferstoarn is, hat mei njoggen PC-oerwinningen dúdlik har spoaren efterlitten op de Frouljus PC. Ek skiedsrjochter Jenco Sieperda krige op dizze jubileumedysje in bysûnder plak. Jierrenlang hat er him ynset foar it keatsen en as skiedsrjochter in wichtige rol spile by tal fan wedstriden. Syn jierrenlange ynset waard op dizze dei nochris ûnderstreke. Hy hâldt der mei op.
De 50ste Frouljus PC mocht ek in tal bysûndere gasten ferwolkomje. Kommissaris fan de Kening yn Fryslân, Arno Brok, ynterim-boargemaster Foort van Oosten en reedrydster Marijke Groenewoud wiene yn Weidum fan de partij. Marijke en Arno Brok hiene de eare om de prizen út te dielen. Yn gearwurking mei bestjoerslid Wigle Anema oerhandigen sy ek de prachtige krânsen oan de priiswinners.
Fyftich jier Frouljus PC
It jubileum fan fyftich jier Frouljus PC waard yn Weidum fierd oer trije dagen.
Net allinnich de 50ste wedstriid wie it jubileum, mar krekt de kombinaasje fan de boekpresintaasje, de grutte reüny en de jubileumwedstriid makke dizze dagen ta ien gehiel.
It wie in weromsjen op fyftich jier Frouljus PC, mar tagelyk ek in fiering fan alles wat yn dy jierren opboud is. In jubileum dêr’t Weidum mei rjocht grutsk op wêze mei.
Ek oan alle frijwilligers dy’t elk jier wer spontaan klearsteane om mei op te bouwen en nei ôfrin alles wer ôf te brekken: tige, tige tank! En dan binne der de minsken dy’t de oare deis wer delkomme om it keatsfjild en it keatshokje skjin en yn oarder te meitsjen. Altyd mar wer, sûnder der in soad wurden oan smoarch te meitsjen: tankewol!
Dat is krekt wêr’t in lyts doarp grut yn wêze kin: mei-inoar de skouders derûnder!!
Hulde oan al dy frijwilligers!
Op nei de 75ste!!
Feikje Toering (deifoarsitter)