2 july 2026
Wizige op 02-07-2026, 14:00:08

Op Himelfeartsdei (14 maaie) stienen om 7:00 oere sa’n sechtich man yn it doarpshûs fan Weidum. Grutte learzens, in waarme trui en in reinjas, want de temperatuer kaam net boppe de tsien graden út. It wie eins de bedoeling om 6:00 oere los te gean, mar fanwegen de kjeld, it wiete waar en de aaien dy’t krekt útkaam wienen, hie de organisaasje dochs besluten om in koartere, oanpaste rûte te dwaan. Yn twa groepen, ien mei folwoeksenen en de oare mei bern, setten we ôf. Under lieding fan Klaes Tilma, Pelle Pruiksma en Sytze Pruiksma setten we koers nei de pleats fan Van der Weij, dêr’t we earst útlis krigen oer de skiednis fan in tal aadlike famyljes en harren States. Na ja, in part fan de útlis dan. Klaes hie it briefke mei de ynformaasje yn it doarpshûs lizze litten. Hy koe der gelokkich sels wol om laitsje. Dêrnei rûnen we troch nei it lân efter de pleats fan Van der Weij, om te sjen oft we de twadde berchein spotte koenen. It froutsje siet nammentlik earne ferstoppe, mar wêr? Spitigernôch hat net ien har sjoen en ha we de tocht fuortsetten. Oan ‘e ein fan de reed rûnen we it lân yn. Ik wie dochs bliid dat ik de learzens oan hie, want de measten hienen wiete sokken en kâlde fuotten. Pelle fertelde ûnderwilens oer in eilân, flakby it spoar, dêr’t in protte ferskillende fûgels byinoar kaam binne om te brieden. Mei in app liet hy sjen wêr’t de nêsten sitte en wêr’t de fûgels oan it brieden binne. Hiel nijsgjirrich (en mear as je tinke!). Nei in goed oere begûnen we oan de tocht werom troch de lannen nei Weidum, dêr’t in hearlik moarnsbrochje op ús te wachtsjen stie. Gelokkich foar ús hie Klaes it briefke wer fûn, dus ûnder it genot fan in kroissant mei tsiis en in waarm bakje kofje fertelde Klaes noch it ien en oar oer de Twadde Wrâldoarloch. It wie in prachtige moarn mei úteinlik moai waar, gesellige minsken en entûsjaste gidsen! Antje Greidanus
Foto: Piet Douma