D’UM

12 jaar Liedster fan 'it Pjuttekampke' yn Weidum

29 april 2011

Wizige op 04-07-2018, 23:49:57

12 jaar  Liedster fan 'it Pjuttekampke' yn Weidum

23 augustus 1998 – 23 febrewaris 2011 Om't it 23 febrewaris maaitiidsfakânsje wie is juf op 8 maart yn it sintsje set! Juf wist fan neat en doe't de bel gie om 7.00 oere moarns, seach hja dan ek raar op. Der waard troch de bakker moarnsiten brocht, no dêr koene wol seis man oer gear, it koe net op! Hearlik! Doe is juf nei Weidum fietst en soe fertelle oer de moaie ferrassing, maar de ferrassing wie noch folle grutter! It lokaal wie fersierd en alle bern mochten ferklaaid komme. Memmen fan de âlderried wiene der ek en om 9.45 oere wie der foar elts in stikje oranjekoeke. Master Jan Sjoerd fan 'it Pertoer' kaam en Margriet Bekius fan St. Welzijn Middelsee. Ek Kryn kaam del foar in bakje kofje en der wiene blommen en in moaie maaitiidskoer mei blomkes. Echt feest dus, in prachtige moarn en hielendal ferrast. Alle pjutten hiene in wurkje makke (plakt, tekene of kleure) en dêr wie in boekje fan makke. Tige aardich! Al wer in ferrassing. Ja, en dan sjogge jo werom en dan komt jo in protte yn 't sin. Dingen dy't bart binne, moaie en minder moaie. De ferhuzing van de Lytse Bourren nei skoalle ta. De konsistoarje, hiel âld dy’t net mear oan'e easken foldie, maar dochs ek wol knus, en Geeske, dy’t oan 'e ein fan ' e moarn klear stie mei in ammerke sjipsop. De memmen dy’t yn 'e âlderrie siten of noch sitte. Altyd wie de sfear waarm en stie der immen klear as it noadich wie. Wikseljend mei it oantal jierren dat de bern pjut wiene, mar somtiden langer as der thús noch in poppe kaam dy't letter ek wer pjut waard. De earste pjut, dy't ik as juf in de groep krige wie Janneke Andraea út Jellum, no al lang fan de basisskoalle ôf. De lêste nije pjut wie, oan't no ta, Marije de Jong út Weidum. Ja, en bern binne itselde bleaun, it is noch altyd in aardichheid mei pjutten te wurkjen en ik hoopje it dan ek noch wol in skofke te dwaan. Hertlik tank oan 'e âlderrie foar dit jubileum! Meta Valk.