D’UM

60+ reiske

18 july 2012

60+ reiske

Op 24 maaie ha wy wer ús 60+ reiske hân, en it is hast net te leauwen, mar dit wie alwer de tsiende kear dat dit troch Saakje Monsma en Harm Hallema organisearre waard. Fansels meie wy Jan Nauta yn dit stik fan saken ek net ferjitte, want hy hat him salang as er koe ek foar de folle 100% ynsetten om dit ta stân te bringen. Alle jierren is it ôfwachtsjen. Sille no ek wer genôch minsken mei wolle om in bus ride te litten? Want as soks net slagget sille wy mei eigen auto’s moatte. En dat komt de geselligens net tengoede. Lykwols wiene der dit jier 49 persoanen dy’t graach mei woene, mar op it lêste stuit heakken der trije ôf. Dat dit wol echte leafhawwers wiene dy bliken, wy krigen de hertlike groetnisse en de man/ frou twa konsumpsjes foar harren rekken oanbean. Ek it ynlisjild waard skonken, wêrfoar ús hertlike tank. Ik ha it der op dat, as dit sa troch giet, wy takom jier allegearre mei in sponsornamme op ’e rêch de bus yn stappe. De namme sil de measte Weidumers hiel bekend foarkomme. Hawar, 46 minsken, in goed sin, fleurich en, net ûnbelangryk, MOAI WAAR. Nei it wolkomswurd krigen wy te hearren wat ús te wachtsjen stie. Earst nei “Veenhuizen”. dan nei “Westerbork” en dêrnei op nei ERFSCHEIDENVEEN. No, as se sein hiene dat dit lêste efter Dokkum lein hie dan hiene wy it ek leaud….. Elk fan ús hat wolris fan Veenhuizen heart, mar der west is in oare saak. Wy wiene tige nijsgjirrich, en it moat sein wurde, it is dêr bêst út te hâlden, teminsten as jo dêr komme lykas ús. De kofje wie prima, en it gebak wie bêst yn te nimmen. It hiele gebouwekompleks seach der prachtich út, alles goed ûnderhâlden, dat wie it wurk fan sa’n 100 frijwilligers. Ek de rûnlieding dy’t wy dêr krigen wie tige nijsgjirrich en de tiid suver te koart. By it sjen fan al dy al dy martelwurktugen gie de grize jin oer de grauwe. Dat se soks eartiids brûkten. Mar efkes trochtinke, is der wol safolle feroare…..? By de namme Veenhuizen tinke wy altyd earst oan it gefang. Mar nijsgjirriger is it ferhaal fan sa’n 200 jier lyn, in opfang foar “landlopers en wurkleazen”. Earmoed liede meastentiids ta fjochterij, stellerij ensfh. Ek yn dat stik fan saken is der net safolle feroare. Troch de minsken oan it wurk te setten, de bern nei skoalle ta te stjoeren, de froulju it húshâldlik wurk dwaan te litten, in eigen tsjerke, sport te beöefenjen esfh. waard Veenhuizen in eigen doarp fan ûntwikkelingswurk, troch selsredsumens. Veenhuizen is de muoite fan it besjen en belústerjen wurdich, dus wa’t dat wo’, der op ta!!! Op nei Westerbork foar it waarm iten, yn ’e Ierse Pub “De Turfsteker” Sa as wy wend binne, it koe net better. It is nuver, mar it sop dat men yn ’e frjemdte kriget is altyd better as thús, al is it meastal in toer om it op ’e leppel te hâlden, mar fan nimmen in wurd. It smakke ek poerbՙêst, mar ik bin der wis fan, as ik it sa op ’e tafel sette soe, der hjir it lêste wurd noch net oer sein wie…… Efkes noflik neiprate en doe op nei Erfscheidenveen. Foar wa ’t net wit wêr’t dat leit, freegje Harm Hallema, want dy hat dêr eartiids mei de turfskipper út Jorwert (Durk Siesling) west om turf, Erfscheidenveen is in streek dy’t ûnder Emmer-Compasuum falt en dan wurdt it ús allegearre wol dúdlik, ja just fan de tillevyzje. Dêr wiene wy te gast yn “De Woonboot fan Nelis en Leentje”, in museum/kofje- en teeskinkerij, mar ek in museum mei, sa’t se it neame, “spullen uit grootmoeders tijd”. Nei’t wy de tee ophiene wie der gelegenheid om it museum te besjen. Der wie gjin nee te keap, winkeltsje, kappersaak, samling strykizers, berneboartersguod, reklamebuorden, ja jo koene it sa gek net betinke. By sok sjen wurdt it jo dúdlik, dat hoe alder jo binne, hoe mear niget jo oan sok spul ha. Ha de jongsten fan ús by it sjen fan in sekje blausel soks sawat as, no ja dat lit my blau blau, de tachtigers reitsje der net oer útpraat, om mar te swijen fan de njoggentigers…… Jo koene dêr ek wat keapje en no de fraach: wat hat Janny dêr no kocht ….. Fan alle kanten krige se te hearren, “Hast noch wat kocht?” Nee, fan my sille jimme it net hearre, mar mochten jim har op in snein tsjinkomme dan sille jim tinke, jonge, jonge…se rint der mar kreas by, alhiel yn ’e………….!!! Om goed 5 oere stie de kofje foar ús klear en traktearre Nelis ús op in lytse sjo. Hy song ferskes út de âlde tiid. Mei grutte niget ha ik sjoen hoe’t de alderâldsten ûnder ús alle ferskes fan begjin oant ein meisongen. Dat allinne makket sa’n dei al goed…. Nei’t om goed healwei seizen ek ús LIFTGIRLS harren plak ynnommen hiene, gie de reis op hús oan, dêr’t it korps lykas altyd op ús stie te wachtsjen. Nei it tankwurd fan Huite Zylstra, en it oerlangjen fan in lytse bydrage oan it korps, gie elk mei in, my tinkt, hiel tefreden gefoel nei hús. Reiskommisje: Saakje en Harm, tige tank foar dizze prachtige dei….! Ut namme fan alle 60+ers Pytsje Bosma