Badminton

28 desimber 2011

Badminton

Troch alle krystdrokte yn it Doarpshûs koe dit jier op woansdei 14 desimber foar it lêst badmintond wurde. Mar wy wolle nei de kryst de ekstra kilo’s fansels graach wer kwyt. Sadree’t ‘Oefening en Vermaak’ útspile is, is de grutte seal frij en kinne wy wer los. Dat sil wêze op woansdei 18 jannewaris. Tusken 19.30 en 21.30 binne wy lekker yn beweging. Wy dûbelje meast, manlju en froulju trochelkoar. It luie swit komt der út, mar wy ha ek in protte wille. En op healwei nimme wy efkes lins mei in bakje tee. Ek sin om ris mei te dwaan? Jou jim op by Ytsje: 058-2519200 of Janny: 058-2519553, of kom ris del en doch frijbliuwend in kear mei. De manlju wolle ek graach fersterking ha! Wy winskje jim in krisisfrij en beweechlik 2012 ta.