Badminton

11 augustus 2011

Badminton

Foar de leafhawwers! Fan 7 septimber ôf kinne wy op woansdeitejûns wer badmintonne yn it Doarpshûs yn Weidum. Tusken 19.30 en 21.30 oere yn dûbelpartijtsjes in shutteltsje slaan. Gesellich en lekker yn beweging. Tuskentroch efkes prate mei in kopke tee derby. Elk is wolkom. Kosten: € 30,- foar in heal seizoen (fan septimber oant en mei desimber en nei de krystfakânsje fan jannewaris oant en mei april.) Opjaan kin by Ytsje Tolsma: 058-2519200 of Janny Bottema: 058-2519553. Mar earst ris in kear komme te sjen of te probearjen is ek prima. Der binne genôch rackets, dus dat hoecht gjin beswier te wêzen.