BBQ Doarpshūs

Wizige op 14-06-2017, 14:56:09

BBQ Doarpshūs

Ferline jier fierden wy mei jim in prachtich feestsje; it fyftich jierrich bestean fan 
ús doarpshûs.  No – in jier letter – fine wy eins dat soks wol faker kin.

Dêrom wolle wy jim graach útnoegje om op 17 juny 2017 wer byelkoar te kommen 
foar in festiviteit.

Fan 16.30 ôf binne jim wolkom by it doarpshûs. Om fiif oere is der in nijskjirrige kuiertocht, 
wêrby't wy jim – de Weidumers – graach meinimme foar in tocht 'down memory lane', 
in rûte dwers troch de histoarje fan ús doarp. 
En ast leaver by de bar sitten bliuwe wolst, kin dat ek fansels.
 
Oanslutend is der om 19.00 oere in barbecue dy't oanbean wurdt troch it stichtingsbestjoer 
fan it doarpshûs en de drankjes foar in moai Priiske! Om it feestje kompleet te meitsjen 
sil Sytse Haima jûns spylje ôfwiksele mei muzyk fan DJ Sjouke.

Op in rychje
16.30 ynrin en bar iepen
17.00 kuiertocht 
18.00 ein kuiertocht
19.00 barbecue mei muzyk

Om te witten hoefolle fleis wy ynslaan kinne, freegje wy jim jim op te jaan foar de festiviteit. 
Dit kin troch in mailtsje te stjoeren nei bbq@weidum.eu
Of jou it efkes troch oan ien fan ûndersteande persoanen!

Wy hawwe der bot sin yn en ferwachtsje dat jim yn krekt like grutte oantallen komme 
as ferline jier!

Mei út namme fan it stichtingsbestjoer,

Lucy, Jan, Wybo, Tjerk, Klaes en Franci

« werom