7 juny 2013
Wizige op 29-11-2019, 10:02:49
Op 7 juny wie de premiêre fan it Berne-Iepenloftspul Asteriks en Obeliks yn Easterwierrum. Der spylje, sjonge en dûnsje mar leafst 12 bern fan It Pertoer yn Weidum mei. Nei fiif foarstellings ha jim noch de kâns om op 19 (om 14.30 oere) of 21 juny (om 20.30 oere) de bern yn't spier te sjen. It is in fleurige boel dêr yn Easterwierrum. De Romeinen dogge der alles oan om it Gallyske doarpke by it Romeinske Ryk te krijen, mar dêr ha de bewenners gjin boadskip oan. Soene se de Romeien wer de baas wêze of slagget diskear it plan fan Julius Caesar om troch twaspjalt te siedzjen syn sin te krijen? It is moai waar, dus: Net stinne, hinne!