24 july 2017
Wizige op 27-11-2019, 13:23:34
Fan de bijen en de blomkes en hoe siet dat ek alwer…
In bij garret nektar út blommen, wêrby’t stomoal oan it hierrige lyfke kleven bliuwt. Dat nimt er mei nei de folgjende blom. Hommels en bijen binne ûnmisber foar de bestowing van griente en fruit. Troch harren tôgjen mei dit stomoal kinne wy ite fan appels, kersen, kourzjettes, ierdbeien ensf…
Mar, it giet min mei de bijepopulaasje. Troch bestridingsmiddels en ferearming fan it lânskip mei hieltyd mear siertegels as blommen yn de túntsjes, rint de bijestân hurd werom. Minder blommen betsjut minder bijen en dus minder fruchten.
Yn 2016 hat him in groepke foarme út de tsien doarpen dy’t aanst oergeane nei Ljouwert, om te bepraten wat de mienskiplike belangen binne. Sa ûnstie ek it idee om dizze doarpen yn 2018 te ferbinen mei in Bijeflinterlint. Oeral lytse, blomrike, flinterfreonlike plakjes kreëarje. Dat is ek nochris prachtich foar ús allegearre as fytsers en kuierders.
Yn gearwurking mei de oanbelangjende gemeente wurde skoallen dêr by belutsen troch lessen en leuke aktiviteiten mei siedzjen en wurde partikulieren stimulearre om mei te dwaan troch sels te siedzjen of it adoptearjen fan in meter bijelint.
Franci is de kontaktpersoan foar ús doarpen. Yn it lân fan Jarig Boersma tsjinoer it Wiel is in meterslange stripe by de feart lâns ynsiedde mei in kokteel fan blommesiedsjes. Dat der no benammen stikels florearje lit ús net wanhoopje, want yn it stikje by de yngong fan Weidum stie foarich jier ek oardel klaproas en moatte jim no ris sjen wat in blommewielde!
Der kinne noch wol wat strypkes by. De bije- en flinteroerlisgroep docht in oprop: help mei, siedzje of plantsje blommen of donearje foar in meter blommetún om sa by te dragen oan it hieltyd grutter en foller bloeiende Bijeflinterlint.
Ut namme fan alle ynsekten alfêst hertlik tank!