D’UM

Boargemaster Buma Hoeder fan Harmonie Weidum

15 oktober 2024

Wizige op 16-10-2024, 08:39:39

Boargemaster Buma Hoeder fan Harmonie Weidum
Nei in prachtich jubileumjier yn 2024 fierde de Weidumer muzykferiening tiisdei 15 oktober fannijs feest. Boargemaster Buma kaam yn heechst eigen persoan tidens in bestjoersgearkomste del om de bestjoersleden mei te dielen dat hy fan no ôf hoeder [Red.: Beschermheer] fan Harmonie Weidum wêze sil. Dit positive andert op de fraach fan de muzykferiening is foar de muzikanten de mandarijn op de oranjekoeke. Foarige hjerst ûntfongen sy út hannen fan dyselde boargemaster nammentlik ek al de Keninklike Earepenning. 

“It is prachtich dat, nei it krijen fan de Keninklike Earepenning, ús eigen boargemaster ús muzykferiening ek de erkenning nei bûten ta jout dy’t it yn ús eagen fertsjinnet. Der is yn en mei Weidum in hiele bulte wurk ferset om de klup sá goed op de kaart te setten, dêr binne wy hiel grutsk op,” seit foarsitter Janneke de Boer oer it hoedmanskip fan Buma. De boargemaster sil as hoeder benammen in symboalyske en morele stipe foar de feriening wêze, en wêr noadich kin it bestjoer in berop op syn kunde en netwurk dwaan. Muzykferiening Harmonie Weidum bestiet sûnt 1898 en is de earste doarpsferiening dêr’t Boargemaster Buma hoeder fan wurdt. De boargemaster fan gemeente Ljouwert hat fan âldsher in bân mei it doarp. De leden fan sawol it slachwurkensemble as de fanfare komme rûnom út Fryslân wei, en mei harren jeugdoplieding is de feriening op it mêd fan kultueredukaasje in wichtige faktor yn it oanbelangjende part fan de Greidhoeke.