D’UM

Boattochtsje

4 maaie 2010

Boattochtsje

De aktiviteitekommisje hie wat nijs betocht: in boattochtsje mei âldere doarpsgenoaten (70+) troch de Bearsterfeart en in eintsje Swette yn de pream fan Geert de Groot. Dy lei toch op it Wiel te wachtsjen op in nij faarseizoen. Winters mei it reedriden sjogge jo hoe moai dy wrâld dêr is en yn de maitiid tilt it der op fan fûgels en blommen. Om’t âldere minsken net faak yn de gelegenheid binne in eintsje te farren, like ús dat in goed selskip. Dat sneon 24 april healwei twaën stutsen wy ôf, fan de wâl by it Wiel: Jan de Boer op útnoeging om oer de fûgels te fertellen, frou Span, frou Koopmans, Betty en Roel Punter, de hear Kingma, Remmelt Bossema en in rûfeltsje organisaasje en oanhang. In moai boatsje fol. Blauwe loft, in lau wyntsje, in koer mei drinken en snaaierij en in kessentsje om op te sitten. Jo begripe: dizze middei koe net stikken. It wie prachtich! Lâns Bears nei it Leechje, de âlde iisbaan fan eartiids, stadich nei Jorwert. Underweis greidefûgels, rietgorzen, in kiekendief, allegearre ‘sijsjes en drijfsijsjes’ dêr’t wy noch nea fan heard hiene. Sels in lepelaar wjukwappere by ús foar de sinnebrilleglêzen lâns. Pinksterblommen en blaasblommen, hynders, kij, kleurde fjilden. Flakby puere natoer. Rillegau krigen wy it ek drok: prate, yn ien hân in gleske en yn de oare in stikje tsiis en mar om je hinne sjen. Gesellich wie it. Doe keare en op nei de Swette. Underweis stapten wat minsken ôf mei oare ferplichtings. Andrys swaaide op de brêge en doe yn ’e wyn lâns dat ferboude hinnebedriuw troch mear grien kowelân nei it grutte wetter. Hearlik ‘relaxed’ tuften wy lâns it Weidumerhout oant úteinlik it Mantgumer húske ta. As it al wat siigde tilde Geert de swurden wat heger en sieten de froulju moai út de wyn. Op it wetter ferjitte je samar de tiid, dat no moasten wy ek mar wer op hûs oan. De hear Kingma swaaide ús mei in romme bocht sa de Bearsterfeart wer yn en eefkes letter koene wy sûnder bonkebrekken wer op de wâl stappe. Wy fûnen it in moaie middei. Kommend jier besykje wy it wer. Wy bestelle Geert, moai waar en wat koerfulling. En der kinne noch wol mear mei: wat ynskood sitte is nammentlik geunstich foar de gefoelstemperatuer. Oant in oar jier! Ut namme fan de aktiviteitekommisje, Marineke vd Zijpp