D’UM

Boer & bedriuw

30 juny 2014

Wizige op 28-11-2019, 13:34:42

Boer & bedriuw

Wat is it plattelân sûnder pleatsen? Gelokkich binne der yn en om ús doarpen aardich wat buorkerijen. Lang safolle net mear as yn it ferline. Mar der wurdt noch buorke op dik tweintich bedriuwen. Yn dizze rige portrettearje we de boer (…en boerinne) en it bedriuw. Dizze kear bin ik te gast by it bedriuw fan Beert-Pieter Keestra en Laura Cook. Harren pleats is te finen oan 'e Hegedyk rjochts as je fan Weidum nei Mantgum ta ride. It is in prachtige pleats út 1875. Hoe lang wurdt der op dizze pleats al buorke? It boer wêzen sit al generaasjes yn it bloed fan de famylje Keestra. Pake Beert wie fan boere-komôf en bebuorke de pleats oan 'e Hegedyk sûnt 1935. Wol bysûnder om te neamen, is dat alle trije bruorren fan pake Beert ek boer wurden binne. Beert-Pieter is no noch de iennige yn 'e famylje dy't buorket. Heit en mem Keestra ha de pleats oernaam yn 1969. Beppe en Pake Keestra binne doe ferhuze nei it Sânpaed, nûmer 3 (dêr't no Marten en Grietje wenje). Wannear bisto begûn? Beert-Pieter wie as jonkje altiten achter te finen by de kij. Foar him wie it dan ek in logyske stap om te studearjen oan 'e Hegere Lânbou Skoalle. Fan heit hoegde dat net perfoarst, it soe moai wêze, mar de kar lei by Beert-Pieter. Foar in projekt fan skoalle hat Beert-Pieter noch in heal jier yn Australië sitten. Heit Keestra wie doe siik, mar it like goed te gean. Beert- Pieter is yn jannewaris 2001 werom kaam op 'e pleats en spitigernôch is heit yn july fan dat jier ferstoarn. Fan dat momint ôf stie Beert-Pieter der allinne foar. Yn 1999 krige Beert-Pieter in relaasje mei Laura, dy’t sûnt 2003 ek op de pleats wennet. Laura komt oarspronklik út Easterwierrum en wurket as ferpleechkundige bij de GGZ. Yn it earstoan fan harren relaasje wie Laura ek in soad achter te finen. "Sa koenen we dochs by elkoar wêze yn ús drokke bestean", seit Laura. Letter doe't der bern kamen, waard dat oars. Wat fynsto moai oan it boerebedriuw? Beert-Pieter syn eagen begjinne te glimkjen as er dêr in antwurd op jout. De frijheid, it eigen baas en yn 'e natoer wêze is prachtich! Alle seizoenen ha wer har eigen wurksumheden en binne net los fan elkoar te sjen. It is it ritme fan it jier. Trije kear yn 'e wike ha se in melker, dat binne de dagen dat Laura wurket. Om’t Beert-Piter beide âlders op jonge leeftiid ferlern hat, is syn ynstek: “Je moatte no genietsje, it kin samar oars wêze”. It gesin giet dan ek regelmjittich in wykein fuort. Efkes los fan alles en genietsje fan elkoar. Hoe sjochst de takomst? We moatte mar sjen oft we in opfolger ha! Dochter Ilse Rianne en Soan Daan Pieter binne in soad achter op 'e pleats, dus wa wit... Beert-Pieter fynt it moai om nei in goede takomst ta te wurkjen foar syn opfolger. Dat betsjut fansels útwreiding fan it bedriuw. En as der gjin romte is, dan mar stront ôffiere en foer ynkeapje. Der is altiten wol in wei. Beert-Pieter slút of mei de wize wurden: "Komt tijd, komt raad!" Grietje Meulenaar.