11 febrewaris 2020
Wizige op 25-05-2020, 08:39:03
It kin samar wêze dat jim de ôfrûne wiken, yn waar en wyn, in keppel kleurrike Weidumers troch it doarp strunen sjoen hawwe. Sûnt 3 febrewaris is Weidum nammentlik it strijdtoneel foar de dielnimmers oan Wandel Bootcamp Weidum! De groep bestiet út mânlju en froulju, jong en âld en fan hûnútlitter oant kilometerfretter. Hasto ek ferlet fan in bettere kondysje, sterkere spieren, ynspiraasje ta bewegen? De bootcampers fine it hiel gesellich at der mear minsken oanskowe (mar, earlik is earlik; oan de ein fan de les binne de stoere praatsjes hast op).
Wybertha Brouwer soarget der foar dat de groep him ûnder profesjonele begelieding yn alle bochten draait, spieren traint en kondysje opbout. De bootcampers sammelje oant en mei 6 april eltse moandeitemoarn om 09:30 by it smûke Weidumer keatsfjild, eltsenien kin oanskowe; de lessen binne nammentlik ek los te folgjen.
Oant gau!
Alle ynfo kinst opfreegje fia: www.wyberthabrouwer.nl