D’UM

Camping It Sânpaed

15 septimber 2019

Wizige op 26-11-2019, 12:15:41

Camping It Sânpaed

Beste Sânpaedbewoners’ stie boppe de útnûging.
Neat bysûnders; wy wenje ommers oan dizze strjitte.
U heeft een prachtig weekendarrangement voor de boeg’, gie de brief fierder.
Huh? In wykeinarranzjemint?

Sneon 14 septimber waarden de Sânpaeders ferwachtte op Camping It Sânpaed; in smûke camping, mei romme plakken, skjin sanitair en leafst 5 stjerren!

Fan 15:00 ôf koe de tinte, de camper of de caravan te plak set wurde. Guon wienen der rap by; Roscher en Douma striden om it bêste plak. Roscher wûn en ynstalearre de caravan op nûmer 1, hja wiene yn in sucht en in skeet by de húskes. Ruurd-fan-e-buert hie trouwens de grutste camper, dêr hiene wy mei ús allen eins ek wol ynpast. Peke en Siske hiene it lytste ferbliuw; dy sliepten ûnder de bleate stjerrehimel en, wat in gelok, it wie ek noch folle moanne: “Mem, ik ha fannacht de moanne sjoen!” 

Jong en âld wie fertsjintwurdige; frou Span kaam mei taksi-Maaike, lytse Ytsen fermakke him tusken grut en lyts. Mei sa no en dan in stikje ikehout yn ‘e hot-tub wie it wetter hearlik op temperatuer; sieten earst de jongsten (û.o. Jetse & Gjalt) yn it wetter, nachts healwei twanen wiene dat Ronnie, Sigrid, Ruurd-fan-e-buert en Piet. Iten wie der genôch en mei applaus waarden Maaike en Kees promovearre ta buert-bakkers; it folgjende strjitfeest meie sy wer bakke en siede ; )

Jûns fansels Bingo mei fantastyske prizen! Want wat tinkst fan in handige kuoltas, in picknickkleed, solar-lampkes of in instant-barbecue? De spanning wie om te snijen, de iene mopperde noch lûder dan de oare en elts hie de hope op in falske bingo, want dat betsjutte sûnder klean it bad yn. 
Om jim gerêst te stellen; nimmen doarde té gau ‘Bingo!’ te roppen…

Nei’t guon de hûn útlitten hiene, koe it aktiviteiteteam troch mei har krewearjen. It grutte ‘Ik hâld fan Weidum’ spul begong. Spitich dat guon de oe sa maklike fragen ûnder de hege druk hartstikke fout beantwurden. We witte dochs allegearre wol hoefolle hûnen at der op it Sânpaed wenje of wat de namme fan de Weidumer tsjerke is?! 
Pas! Pas! Pas! rôpen de dielnimmers, krekt salang oant de bom ûntplofte. Wêrnei’t wy wer fleurich fierder giene mei de fragen. Benammen Jitse wie hiel goed yn de kwis!
Tsjin tolven, ja foei, giene de Sânpaed-bern op bêd en koene de folwoeksenen noch mannich flesse drank boargemaster meitsje. Gelokkich hie eltse kampearder by yntsjekken in taske krigen mei súperhandige produkten; wc-papier, handalcohol (net foar konsumpsje!), wat snobbersguod foar de frisse adem en twa aspirines foar de oare moarns. Perfekt!

Nei’t elts wer oanskoot wie by it moarnsbrochje, sette Kees in English breakfast op tafel; we hawwe der (wer) smaaklik fan iten. 
Spitigernôch gie sneins de camping ticht; it kampeerseizoen is no ôfrûn. Stokken waarden oppakt, luifels ynklapt, Ronnie hie mei syn grutte camper wat muoite it lân út te kommen en Gertjan liet de opblaastinte leechrinne. 

Jim begripe; it is hast net út te lizzen, sá leuk hawwe wy it hân. In oanrider om mei jong en âld sa ‘op fakânsje’, je leare elkoar better kennen en hawwe o sa’n wille mei elkoar.

Strjitteferiening It Sânpaed; bedankt!

It Sânpaeder wykeintsje fuort waard mei mooglik makke troch Merke Weidum, Johannes & Willeke en Doarpshûs Weidum.

Ps. Gertjan makke de loftfoto, moai no!