4 jannewaris 2017
Wizige op 27-11-2019, 14:26:29
Elkenien wie wolkom, dat it doarpshûs siet bomfol nijsgjirrigen. Hokker ferskes hie Sytse no yn de ôfrûne jierren betocht, besongen en bedidele yn dat studio/keammerke fan syn âlderlik hûs oan de Hegedyk? Op syn 56e jierdei (30 oktober) presentearre hy, nei in pear desennia as beroemde beropsmuzikant, syn allerearste solo-cd. En hoe ynspirearjend is dat wol net foar alle midlifers ûnder ús.
It waard in hiel bysûndere middei. Yn de set foar it skoft hearden wy earst de wat mear saneamde harknûmers. Prachtige, gefoelige, romantyske, mankelike lietsjes, soms yn it moed sjittend mar altyd mei in eigen lûd. Orizjineel, werkenber en nergens klisjee. Wy wiene ûnder de yndruk, wat klonk dat moai. Alle ferskes waarden troch Sytse ynlaat mei in ferhaaltsje, sadat we noch better harkje koene nei de persoanlike teksten oer dierberen, de natoer of it libben. En alles yn in moai, libben frysk sûnder âldfrinzige wurden of útkôge útdrukkings.
Sytse hat op de cd alles sels ynspile, mar waard dizze middei begelaat troch in spesjaal gearstalde band, werûnder drummer Marije Hoekstra, dy’t mei heechreade wangen har no as bassiste hearre liet.
Nei it skoft sette Sytse útein mei ritmysk snellere ferskes. Grappige, fleurige feestnûmers; de stemming kaam der aardich yn! Mei syn iepenheid en jierrenlange erfaring bespile hy de seal nei hege hichten en waard der oan de namme fan de cd De stille jout lûd, goed rjocht dien.
De offisjele earste cd’s waarden troch Sytse oanbean oan syn frou Nienke, dy’t har in ‘hoedje’ skrok, syn broer Klaas, spitich hy wie ôfwêzich en syn sus Ant, dy’t dêrnei noch smout fertelde oer Sytse syn opgroeien yn Weidum.
It is in hiele moaie cd. Wy draaie him wol gauris thús, it ferfeelt noait. Dus ast tinkst, dy wol ik ek hawwe of kado jaan, kinst der maklik oankomme. Want ast Sytse tsjinkomst hat hy altyd wol in pear yn de binnenbûse fan de jas!
Marineke vd Zijpp.