D’UM

CD Presintaasje Sytse Haima

4 febrewaris 2019

Wizige op 26-11-2019, 15:37:33

CD Presintaasje Sytse Haima

Elkenien wie wolkom, dat it doarpshûs siet bomfol nijsgjirrigen. Hokker ferskes hie Sytse no yn de ôfrûne jierren wer betocht, besongen en bedidele yn de studio oan de Skildyk. Op 3 febrewaris presentearre hy, syn twadde solo-cd. En hoe ynspirearjend is dat wol net foar alle midlifers ûnder ús.

It waard in hiel bysûndere middei. We waarden traktearre op prachtige, gefoelige, romantyske, mankelike lietsjes, soms yn it moed sjittend mar altyd mei in eigen lûd. Orizjineel, werkenber en nergens klisjee. Wy wiene ûnder de yndruk, wat klonk dat moai. En it seach der prachtich út mei de bylden op de eftergrûn. Alle ferskes waarden troch Sytse ynlaat mei in ferhaaltsje, sadat we noch better harkje koene nei de persoanlike teksten oer dierberen, de natoer of it libben. En alles yn in moai, libben frysk sûnder âldfrinzige wurden of útkôge útdrukkings.

Sytse hat op de cd alles sels ynspile, mar waard dizze middei begelaat troch in spesjaal gearstalde band, werûnder drummer Marije Hoekstra, sangeres Anke Boersma en 'part-time weidumer' Menzo Rohn.

De offisjele earste cd’s waarden troch Sytse oanbean oan syn trije bern, dy’t de cd grutsk mei in big smile ûtfongen. .

It is in hiele moaie cd. Wy sil ek dizze cd gauris draaie thús, it ferfeelt noait. Dus ast tinkst, dy wol ik ek hawwe of kado jaan, kinst der maklik oankomme. Want ast Sytse tsjinkomst hat hy altyd wol in pear yn de binnenbûse fan de jas!

Marineke vd Zijpp.