Club van het Jaar 2019 - Provinsje Fryslân

Wizige op 11-06-2019, 15:23:49

Club van het Jaar 2019 - Provinsje Fryslân

Hiperdepyp! Hoeraaa!

Fan `e moarn (11 juny) makke de organisaasje achter de Verkiezing Club van het Jaar 2019 bekend hokker ferienings gemeente- of provinsjewinner wurden wiene, in lyts bytsje grutsk binne wy dan ek best wol; Harmonie Weidum e.o. is gemeentewinnaar (gemeente Ljouwert) én provinciewinnaar (Fryslân) wurden!

De folsleine útslach fynst hjirre

Hjoed oer in wike wurdt in delegaasje fan uze feriening yn Utert ferwachte, dêr’t alle 24 provinsjewinners (12 x sport en 12 x kultuer) harren feriening foar in professjonele sjuery pitche moatte. Yn de wike fan 24 juny witte de beide winners (1 x sport en 1 x kultuer) oft sy de nasjonale titel binnenhelle hawwe, of net.

Stimmers, Maten, stipers, taskôgers, frijwilligers, helpende hannen, handige & kreative & muzikale Weidumers, leden, learlingen & lieding: Betanke! 
Wy binne tige wiis mei dizze no al moaie titel, we hâlde jimme op 'e hichte!

 

 

« werom