D’UM

Dat fine wy no moai

30 desimber 2017

Wizige op 27-11-2019, 13:08:30

Dat fine wy no moai

Ljouwert-Fryslân is yn 2018 de KULTURELE HAADSTÊD FAN EUROPA. In jier lang is te sjen hoe’t Friezen it libben fiere en tagelyk in sûne planeet efter litte wolle foar de generaasjes dy’t noch komme. SEIS OERE THÚS is de titel fan it liet dat de herkenningstune en leader wurdt fan Kulturele Haadstêd. Nynke Laverman skreau de tekst en makke de komposysje tegearre mei Sytze Pruiksma. Nynke sjongt op 27 jannewaris it liet mei begelieding fan it ‘Noord Nederlands Orkest’. En elk sjongt fansels mei!    
(Redaksje Rûnkranter.)

 SEIS OERE THÚS
(Tekst Nynke Laverman)

Kom dyn nêst út jonge
It nêst waarm fan ferline
Skuor iepen de gerdinen
Spring derút de dei is nij
Hearst de klokken
De takomst ropt om dy

Mei juster achterop
Hast altyd tsjin ’e wyn yn
Doar dysels opnij te finen
Flean dyn eigen skaad foarby
En fluitsje
Fluitsje dy wer nij      

En de klokken se sjonge        
Se sjonge foar ús       
Seis oere thús
Seis oere thús
En de klokken se sjonge
Allinne foar ús
Flean de wrâld yn myn jonge                       
Seis oere thús

De fearten fol mei âlde kij
Dy’t oeral wat fan fine
Lit de sinne foar dy skine      
Hear de fûgels, do bist frij
Fiel de grûn fiel dy bûn         
Foar altyd ferbûn oan dy

En de klokken se sjonge        
Se sjonge foar ús       
Seis oere thús
Seis oere thús
En de klokken se sjonge 
Allinne foar ús
Flean de wrâld yn myn jonge           

En fertel my watsto net witst
En ik folgje en ik folgje
Ferjit fan wa’sto der ien bist
Want ik ken dy
Nim my mei yn dyn dreamen
Nei wêrsto noch net bist
Set dyn tosken yn in nije tiid
Set dyn tosken yn in nije tiid

Koar:
En de klokken sjonge foar ús
Seis oere thús
Seis oere thús
Set dyn tosken yn in nije tiid

Solo:
Op lange skonken skiednis stiest
De bonken fan wa’st juster wiest
Mar de kleuren binn’ ferwosken
Set dyn tosken yn in nije tiid
Set dyn tosken yn in nije tiid

Fertel my wa’sto hjoed bist
En ik sis dy dat it goed is
Datst my allang yn ’t bloed sitst
Datst my allang yn ’t bloed sitst

Ik wol witte wat dyn dream is
Wa’st allegear noch mear bist
Ast al it âlde stean litst
Ast al it âlde stean litst
Om te fleanen om te fleanen om te fleanen