D’UM

Dat fûn ik no moai

9 maaie 2018

Wizige op 26-11-2019, 15:55:41

Dat fûn ik no moai

Klaes Ploegh is mei pensjoen. Dus dy frachtwein fan Tryater by de tsjerke, dy stiet der net mear. Miskien dat er foar in inkel putsje noch wol wer eefkes yn ús doarp ferskynt. En dan kinne we nochris de tekst yn ús omgean litte. Dat is wat Klaes oanbelanget fuort wol in punt: je kinne de tekst eins allinnich goed lêze as de auto stil stiet. ‘Yn it riden kin je it sa hurd noait lêze. Minsken fregen my dan ek wolris: wat stiet der no krekt op? Ik soe der earder in oankundiging fan in foarstelling op sette.’

Dat nimt net wei dat Klaes de tekst seker moai fynt. Dy is skreaun troch dichteres Albertina Soepboer. Dy ’t ek wol toanielstikken makke hat, ûnder oare foar Tryater. En lietteksten foar Nynke Laverman.

Sels hie ik der altyd aardichheid oan om – nei in rûntsje mei de hûn – by de tsjerke de wurden yn my omgean te litten en eefkes meinommen te wurden yn in oare wrâld. Wat is taal dochs in moai ding.
Foar wa ’t it gedicht ek nochris goed lêze wol parkeare we hjirûnder noch ien kear Klaes syn frachtauto. 

                                                                                                                                                        Katja Westra