D’UM

Dat in lyts ûngemak liede kin ta Weidumer Roeken.

26 desimber 2020

Wizige op 06-01-2021, 16:33:02

Dat in lyts ûngemak liede kin ta Weidumer Roeken.

Dat in lyts ûngemak liede kin ta Weidumer Roeken.

Tongersdeitejûn 3 septimber om 21:00 oere hinne, wynstil waar en doe in grutte klap. Ik wie yn de keuken oan it wurk en tocht dat in grutte tûke efterhûs op ‘e skutting fallen wie, of op it hok fan ús buorlju. Anke loerde yn de foarkeamer troch de ruten nei bûten ta en rôp nei my dat der wol in tûke fallen wie, mar net op ‘e skutting …

Dat sille jo altyd sjen, ien wike in nij karke en fuortendaliks skea. Mar it hie folle slimmer wêze kinnen; in hurdrinner wie fiif tellen earder ûnder de beam troch draafd en kaam mei in wyt gesicht werom rinnen. Hy wie him deaskrokken fan de klap.

De beam wie neffens de buorlju en ús al dea en stie ek op ‘e kaplist fan de gemeente. Dat wisten wy trouwens net. It kappen hie eins al earder moatten want it hie hiel oars beteare kind. Enfin, de oare deis binne der mannen fan de gemeente lâns west om de tûken fan de auto te heljen en wy ha in ôfspraak makke om de beam deselde freeds fuort te seagjen foar't der mear ûngemakken barre soene.

Dy tongersdeitejûns kaam buorman Klaes ek efkes te sjen nei wat der bard wie. “In bûtenkânske Jan”, sei er. “Mei dizze beam moat wy wat moais dwaan, hy moat der moarn net hielendal ôf. Kinne wy der net in fûgel útseagje litte? Pier en Hester hawwe in hiel moai ûltsje út in populier meitsje litten troch sa’n beamseager”. Ik fûn dat net sa’n nuver idee fan Klaes en nei wat hinne en wer praten wiene wy der út. It moat mar in Weidumer Roek wurde!

Sa sein, sa dien. Ik ha in pear nammen fan beamseagers trochkrigen en ha doe skille mei Durk Schilstra út Dokkum. Dat is deselde man dy’t de ûle makke hat fan Pier en Hester.

In wike letter hat Durk lâns west om de situaasje te besjen en ha wy in plan makke. Klaes hat mei Eelke stegers regele by Sjoerd van der Vegt en se ha de stegers sa delsetten dat Durk rûnom feilich seagje koe oan de beam. Durk hat twa sneonen oan it wurk west en it resultaat is skitterjend wurden. Der binne twa steande Roeken út de beam helle en hy hat ek noch twa tablo’s yn de beam útseage fan in fleanende Roek.

Dat Durk syn wurk opfalle soe wie gjin ferrassing, de Ljouwerter krante hie in foto op ‘e foarside (!) en it Friesch Dagblad hat ek in stikje skreaun mei in foto derby; hoe moai kin it wêze …

De Roeken moatte allinnich noch ynsmard wurde mei peteroalje of lynoalje, dat beskermet de Roeken tsjin rotsjen. Dat kin pas as it in pear dagen goed drûch west hat. De Roeken binne mei de Krystdagen hiel moai útljochte troch Klaas Ploegh wêrtroch't wy jûns ek genietsje kinne fan ús nije buertbewenners.

De auto is útdûkt en spuite en stiet wer ûnder de beam. No mar hoopje dat der net tefolle stront op it dak falt ...
Jan de Vries