4 maaie 2017
Wizige op 27-11-2019, 13:26:17
Sneon 21 jannewaris 2017
Arjen en ik sitte yn ’e auto. We dogge in rûntsje troch de doarpen. We ride troch Dronryp, efkes in poster ophingje yn de pleatslike kroech en winkel. De lêste jierren sette we ek “sandwichbuorden” by de dyk. Mar dat mei pas in wike as wat foar Roekrock, dus hjoed dogge we noch efkes in rûntsje âlderwetsk posterplakke. “Dochs wol hiel spitich, fynst net”, seit Arjen, “dat it no echt de lêste kear is. Sels dit posterplakken sil ik misse.” En sa is it ek. Alle “rotklusjes”, dy’t ek by it organisearjen fan it Roekrockfestival hearre, krije dit jier in hiele oare lading. We dogge alles foar de lêste kear.
Febrewaris 2016
We ha krekt ús edysje fan 2016 efter de rêch. Wat wie it leuk! Te gekke bands, entûsjast publyk, gjin lijen hân. Mar wat sitte we dochs wer mei in katergefoel te evaluearjen. Wêrom slagget it ús de ôfrûne jierren mar net om it doarpshûs wer fol te krijen. Yn de heechtij dagen fan Roekrock wie it wolris stiif útferkocht. De feroarjende tiid spilet ús op. Der is tsjintwurdich sa folle te dwaan, minsken ha in protte keus. Ek de feroarjende wetjouwing, sa as it alkoholbelied hat meispile, de jeugd bliuwt fuort. En misskien is dat “Roekrock DNA” dan dochs útwurke…. We tinke it allegear, mar net ien seit it lûdop: miskien moatte we mar ophâlde. Oant it op in bepaald stuit dochs op tafel komt. We beslute dat de stekker der út giet. Mar dan wol mei in spetterjend ein! We sille besykje om noch ien kear it doarpshûs fol te krijen, noch ien kear knalle mei ús allen en dan is it klear. Ek Sjoerd, dy’t eins hjoed sizze woe dat er ophâldt, wol noch ien kear knalle!
11 septimber 2016
De earste plannen binne fuort nei de evaluaasje al smeden. We geane fol goede moed ús lêste jier yn. Hjoed komme we nei ús “simmerreses” wer by elkoar. We moatte ús earst rjochtsje op it Oktoberfest. Sûnt foarich jier organisearje we dat ek, om sa in potsje op te bouwen foar Roekrock.
28 oktober 2016
It Oktoberfest is efter de rêch. It wie in slagge jûn! We ha de ôfrûne tiid brainstoarme oer ús lêste Roekrock. In coverband spylje litte mei allegear artysten dy’t de ôfrûne jierren op Roekrock spile ha? It binne allegear moaie ideeën, mar úteinlik lûke we de konklúzje dat ús lêste Roekrock wêze moat sa as al dy oaren. Twa poadia mei meardere bands. We binne drok op syk nei in headliner: in namme dy’t ús poster kleur jaan moat. We ha alle âld-bestjoersleden ek frege oft se noch in kear meidwaan wolle. De measten binne eins altyd wol belutsen bleaun en wolle ek dit jier wol wer wat dwaan. Patrick nimt sels wer sit yn it deistich bestjoer, we slute it sa moai ôf mei elkoar!
27 novimber 2016 en 18 desimber 2016
We wurde wat senuweftich. Der is noch gjin “grutte namme”. Uteinlik fine we der twa, mar dêrtroch rekket it bestjoer foar it earst yn 20 jier kompleet ferdield. Mar gelokkich, we binne neist in bestjoer boppe-al ek in ploech freonen, dus we komme der út. It wurde de Handsome Poets. Dêrneist krije we goed nijs fan Luminize, ien fan de hichtepunten fan Roekrock 2015. Ek sy komme de lêste Roekrock spyljen. De coverband Solid Ash wie al fêstlein en ek de band fan Yme Kramer, MAJOR CHAOS, hie al tasein dat dy spylje woe. We ha de line-up rûn!
Snein 8 jannewaris 2017
Twa moanne foar Roekrock. No’t de bands boekt binne kinne we ús rjochtsje op al dy oare saken dy’t regele wurde moatte: frijwilligers, technyk, ynkeap, ynhier materiaal, sponsors, posters, facebook, oare PR, foarferkeap, oanklaaiïng, backstage café en al dy oare “klusjes”. Wybo is dizze gearkomste ek oanskood, fijn! We ha sa folle “Wybo/Annemiek-Regel-Dingen”. Fân no ôf moatte de aksjepunten ek echt útfierd wurde en Francisca soarget derfoar dat elk dy puntsgewiis tastjoerd kriget. We kinne begjinne mei it "ôffinkjen" fan al ús “to-do’s”.
Snein 12 febrewaris 2017
Tjerk is werom fan syn unike reis troch Nij Seelân; we binne kompleet. De ôfrûne dagen ha we alle sandwichbuorden pleatst. De omjouwing kleuret Roekrock-grien. Johan en Jeroen ha alle sponsoren wer benadere, Bert en Patrick regelje alle technyske saken en we helje ús checklist en draaiboek foar it ljocht. De lêste wiken binne der noch sa folle “regeldingen”.
Snein 26 febrewaris 2017 en de lêste wiken foar Roekrock
Us alderlêste gearkomste foar Roekrock. We fergaderje rom trije oeren. Alle puntsjes op de i. It is in goeie fergadering en we we ha allegearre bot nocht oan it Roekrockwykein. It mei hast wol sa fier wêze! Alles wat der hjirnei noch regele/besprutsen wurde moat, giet fia de mail en ús groepsapp. Soms komme der wol 100 berjochten op in dei. We binne allegearre bot mei Roekrock dwaande!
Moandei 13 maart 2016
Wat ha wy in fantastyske wike efter de rêch!!!
De hiele wike jûns al yn it doarpshûs te finen. Want de wike foar Roekrock is it ien grut logistyk barren; de biljerten oan ’e kant, de stuollen ferpleatse, de muzykynstruminten nei de kelder, de kleden ophingje, alle “losse saken” fan ’e wand, de doarren der út, de houten flier der yn, de technyk losse. En dan fan freedtemiddei ôf eins non-stop yn ’t spier.
It doarpshûs omtoverje ta in poptempel. Bûten in smûk pleintsje, mei in garderobe-wein, snackwein en tinte. We binne sa op inoar ynspile, elk hat syn/har eigen taken en meïinoar ha we eins it hiele wykein gjin momint stress hân. We hiene it dit jier moai yn ’e macht.
De alderlêste Roekrock is in prachtich feestje wurden. We hiene mear besikers as de ôfrûne jierren, mar útferkocht wie it lang net. It sterket ús yn it beslút dat we nei de foarige edysje naam ha. Juster ha we mei ús allen wer yn it spier west om fan de poptimpel wer in doarpshûs te meitsjen. Jûns ha we meiïnoar iten en neisitten, mei "een lach en een traan". Dat wie it dan, 20 jier Roekrock. Mei pine yn it hert sizze we: It is goed sa!
Tialde Ploegh