8 jannewaris 2014
Wizige op 29-11-2019, 09:30:21
Stichting Pier21 mei Freark Smink en Theo Smedes spilet De Emigrant yn Weidum Yn ’e earste spylrige yn 2013 luts De Emigrant folle sealen. De Leeuwarder Courant skreau: ‘Emigrant om yn jins hert te sluten’. De Emigrant is werom. De Frysktalige teaterfoarstelling, skreaun en regissearre troch Romke Toering foar Stichting Pier21, fertelt it ferhaal fan Sybolt de Haas (Freark Smink), in emigrant dy’t goed fyftich jier lyn yn sân hasten de oséaan oerstuts nei Kanada. Hy hat it as emigrant net maklik hân, mar it is him slagge om in ridlik grut en goedrinnend boerebedriuw op te bouwen. De Haas hat noait wer nei it heitelân werom west. Hy woe net, seach der tsjin oan, wie der faaks wol bang foar. No’t er út it wurk is, is der gelegenheid om oan de winsk fan syn ferstoarne frou te foldwaan: hy makket in trip nei syn roots yn ’e Greidhoeke. De soan (Theo Smedes) sil him foar it earst mei de melkerij rêde. Twa aventoeren tagelyk. De reis nei it heitelân wurdt foar de emigrant oan alle einen en kanten konfrontearjend. Te sjen op freed 21 febrewaris 20.00 oere yn it Doarpshûs fan Weidum kaarten kinne besteld wurde fia: lucy.brouwer@ziggo.nl of fia til.nr. 06-43109351