D’UM

De klokken, se sjonge wer!

9 novimber 2019

Wizige op 26-11-2019, 10:31:27

De klokken, se sjonge wer!

Freed 8 novimber om seis oere sloech de tsjerkeklok wer seis kear, wernei’t de klokken fleurich songen! Doe fûl pas echt op hoe stil at it de ôfrûne trije jier wie. It wie Pietsje Bosma dy’t in pear jier lyn yn de Rûnkranter lûd joech oer de stilte yn it doarp. Dat wie oanlieding foar It Nut om yn aksje te kommen. We ha gearkomsten belein foar de ynwenners fan Weidum, pertearen hân mei de tsjerkeried, funsen oanskreaun en in hiele protte belle.

Mei stipe fan de ynwenners fan Weidum, PKN Westerwert, provinsje Fryslân, Insinger Stichting, Meindersma Sybenga Stichting, P.W. Janssens Friesche Stichting, Mr. W.W. Bumaleen en Stichting Tjallinga Weeshuis ha we alle winsken realisearje kinnen! De restauraasje fan it oerwurk, it taheakjen fan in opwynautomaat en it automatisearjen fan it lieden fan de grutte klok trije kear deis. De wurksemheden ha dit jier plakfûn. It oerwurk hat nei de wurkpleats fan firma Vellema yn Hallum west en stiet no wer yn’e toer. Ek de automatisearing is klear!

Weidum is fansels Weidum net, as we hjir net op spesjale wize by stilstien ha. It korps helle de minsken op en brocht elts nei de tsjerke. Steven en Franci seinen it moai op en Nynke song dernei “Seis oere thús”. Neidat Dirk en Geeske op de grutte knop drukt hienen, sloech de tsjerkeklok seis kear en begûn de grutte klok te lieden, prachtich! Tank oan alle frijwilligers, Harmonie Weidum, Patrick Kramer, Klaas Ploegh, Nynke Laverman en Sytse Pruiksma. En in hiel bysúnder tank oan Steven Duursma en Franci Heeger, wat ha jim in protte wurk fersetten. Súnder jim wie it noch stil yn it doarp.