D’UM

de vergeten watersnood 1825

2 febrewaris 2025

Wizige op 05-02-2025, 08:51:33

de vergeten watersnood 1825

De vergeten watersnood 1825.
Gjin namme lyk as de sint Elizabethvloed 1421 of de sint Luciavloed 1287.
Ferjitten en gjin namme betsjuttet net dat it minder slim wie. It wie in ynoarme ramp mei ek noch ris in jammerdearlike neisleep.

20.00 oere 2 februari liede de klokken 18 minuten en 25 seconde om dizze grutte ramp te betinken.
Wy sjogge werom mei it each op hjoed en op de takomst.

De klokken liede!
200 jier ferlyn as in warskowing dat Fryslân der ûnderstrupt. En hjoed as in warskowing dat it wer barre kin.
Bliuw alert en pas wat op elkoar.

Moai dat der safolle Weidumers op it lûd fan de klokken ôfkamen om de ramp van 1825 te betinken en te witten dat we dat dwaan kinne mei elkoar op in feilige plek mei droege fuotten en in waarme glühwein yn e hân.

Nammens de tsjerkekommisje tank foar jim kommen en oant sjen!