14 septimber 2024
Wizige op 16-10-2024, 10:31:58
Mei in man/frou as 30 setten we om 8.30 oere útein.
Loeske en Lolkje hiene de himmeldei tige goed taret. Kinst in post-it fan it boerd nimme en op die post-it stie wat ast dwan mast en yn hokker romte fan it DH. En der waard skjinmakke, poetst en himmele, eltsenien wie drok yn’t spier. Fansels hiene we ek efken kofjepause, doe koe eltsenien genietsje fan in bakje kofje mei oranjekoeke. Dernei waarden de poetsdoeken fansels wer oppakt. De mannen bûten hiene de trekker d’r noch bynedich hawn, mar heden heden, wat ist no wer ‘spik en span’! Sa koene we om 12.30 oere slûte mei in drankje/sapje/nûtsje
Wat wer in geweldich barren sa mei elkoar. Tige tige tank oan al ús himmel frywilligers!! Chapeau!!