D’UM

Dowe-rêderij

5 juny 2018

Wizige op 26-11-2019, 15:52:13

Dowe-rêderij

“Is der ek ien dy't in boatsje hat hjir in Weidum en thús.......... is? Der leit by ús oan'e oare kant in dow dy't net út it wetter komme kin,” frege Saskia sneintejûn op facebook.
Mei de opsjes:

  • Swimme
  • Dûke
  • Farre
  • Springe
  • Fierljeppe

kamen Saskia en Kees net sa fier. Lokkigernôch wie dêr buorman Klaas dy’t it doke mei syn boatsje út it wetter fan de Weidumer Feart helle. Sa bedarre de do yn in waarm tekkentsje yn Saskia har earms.
Ienris opdrûge soene se de fûgel frijlitte op it skoppersfjild, mar dêr kaam Albert oan dy’t de do mei nei hûs naam foar in check-up; de do koe it yn Weidum net better treffe!

In wike letter seit Albert: 'De duif is gezond en wel weg gevlogen.'

Foto's: Kees Klip