D’UM

DVD Valentijnskonsert

13 maart 2011

DVD Valentijnskonsert

Op 12 febrewaris hold it korps fan Harmonie Weidum in Valentijnskonsert. De jûn waard presintearre troch Annemiek Schuurmans en Tjerk Kooistra. Twa talintfolle minsken. Tegearre stiene se stil by it fenomeen ‘Valentijn’. Wylst Tjerk syn leafdesferhalen my ús dielde socht Annemiek de moaiste brieven mei fersykjes út ’e TNT-bus. En dat wiene der nochal wat. Ferskate nûmers wiene oanfrege en net allinne troch minsken út Weidum. Sa frege Lucy Hopkins, de frou van Dinand Woesthoff, it nûmer ‘No surrender’ oan, dat Wybo Smids op dizze jûn prachtich útfierde. Ek Ken frege foar syn Barby in Medley fan ‘Pophits’ oan en Sepkje van der Vegt toetere in prachtige solo by it ferske ‘I don’t know how to love him’ út ’e Rockopera ‘Jesus Christ Superstar’. It program waard ferfolge mei ûnder oaren muzyk fan Robbie Williams, The Beatles en Whitney Houston. De fanfare hie sa no en dan begelieding op piano fan talint Wiebe Kaspers en Yldau Bijlsma song foar ús it nûmer ‘Love Song’ fan Sara Bareilles. Grietsje Meulenaar en Ruurdtje Anema lieten tegearre ‘Gabriëlla’s song’ út ’e film ‘As it is in heaven’ hearre. It klonk allegear fantastysk! Spesjaal foar Klaas Ploeg waard ‘Brown Eyed Girl’ nei foaren brocht en foar Hester en Pier songen en spilen Yldau en Wiebe it ferske ‘Tegearre’. Mochten jo it konsert mist hawwe of as jo it noch in kear sjen wolle, dan kinne jo de dvd bestelle dy’t fan dizze jûn makke is. Dêr steane it folsleine konsert, in filmke mei foto’s fan it konsert en ek de tútsjende Weidumers op dy’t yn it skoft fertoand waarden. De dvd kostet € 5,- en is te bestellen fia: E-mail: Feddetilma@hotmail.com Telefoan: 058-251991. Ien fan de nûmers dy’t it korps spile kinne jo hjir besjen: http://www.youtube.com/watch?v=uYbsaytDOng