25 oktober 2015
Wizige op 28-11-2019, 12:04:53
Bewenners(groepen) sykje hieltyd faker mei elkoar en foar elkoar nei oplossings foar saken dêr ’t ze tsjinoan rinne. Dat is wichtich, want sa ûntsteane libbene doarpen dêr ’t it goed wenjen is. De gemeente Littenseradiel wol dat stypje troch op in praktyske wize inisjativen en eksperiminten fierder te helpen. De gemeente hat dêrom it ‘Foarinoar Fûns’ ynsteld. Dat betsjut dat der alle jierren € 25.000,-- beskikber is foar it stypjen fan leefberens en partisipaasje yn de gemeente.
Plan
Ha jo in inisjatyf of in plan dat jo útfiere wolle? De gemeente kin jo mei it Foarinoar Fûns mooglik fierder helpe.
Hoe? Stjoer in oanfraach nei de gemeente, dêr ’t jo yn dúdlik meitsje:
- wat it plan is en wat de ferwachte kosten binne;
- hoe’t it plan foldocht oan de foarwearden.
Foarwearden
- De inisjativen en eksperiminten:
- hawwe in wichtige sosjale komponint;
- drage by oan de leefberens en de partisipaasje yn it doarp;
- hawwe lokaal draachflak;
- binne vernijend en ûnderskiedend;
- wurde net op in oare wize finansjeel troch de gemeente stipe.
- De oanfreger(s) is (binne) aktyf belutsen by de útfiering fan it inisjatyf of eksperimint.
Fierder
De bydrage út it fûns kin oanfrege wurde troch bewenners, bewennersgroepen, stichtingen en ferienings yn de gemeente Littenseradiel. Per inisjatyf of eksperimint is ien kear subsydzje beskikber fan maksimaal € 5000,--.
Oanfragen wurde op folchoarder fan binnenkomst behannele.
Hoe tsjinje jo in inisjatyf of eksperimint yn?
Stjoer jo oanfraach nei:
Foarinoar Fûns
t.a.f. de hear F. Stadhouders
Postbus 1
8731 BN Wommels
Mear yinformaasje
Ha jo fragen oer it Foarinoar Fûns, dan kinne jo kontakt opnimme mei de hear Frank Stadhouders fan de ôfdieling Wolwêzen, f.stadhouders@littenseradiel.nl of (0515) 334413. Jo kinne him berikke op moandei, tiisdei, tongersdei en freedtemoarn.