D’UM

Frijwilliger fan 't Jier 2019

10 juny 2019

Wizige op 26-11-2019, 15:09:42

Frijwilliger fan 't Jier 2019

Wa koene wy op Pinkstermoandei 2019 taheakje oan ús earegalerij fan Frijwilligers?
Nei moarnsbetiid de alvestêdefytsers útswaaid te hawwen, gie de reis werom nei Weidum.
Oer Baard en Mantgum dizze kear, de fytsers kamen nammentlik oer Jellum dit jier.

Sammelje by it Weidumer doarpshûs; Jellie, Sabine en Gjalt mei in skelter-karre fol lekkers, ús eardere Frijwilligers fan ’t Jier, de fotograaf en fanséls de oanbelangjende famylje.
Yn optocht it noch healsliepende doarp troch, oer de Hanialeane, counterje, oer de Bornialeane en ferrek. Dêr stiet Pytsje Bosma op ‘e stoepe…
“Sis Tjebbe, witsto wêr’t se hinne geane..?” freget se Tjebbe.
“Nee, mar dat rêdt him sûnder dy ek wol,” grapket Tjebbe werom.
Dat, sa sein en dien; Pytsje stapt op ‘e fyts en sil nei Jellum de fytsers oanmoedichje. Mar Harmonie Weidum e.o. bûget krekt ôf en bedarret oer de Skildyk by nûmer 4. En dêre, gjin Pytsje mear fansels…

Jan R. wurdt ree fûn en set de achterfolging yn; hy ûnderskept Pytsje en trúnet har mei nei har hûs. Gibeljend komt se oanfytsen, dit hie se net ferwachte!
Pytsje is ús Frijwilliger fan ’t Jier om alles wat sy de ôfrûne jierren, of desennia, docht foar Weidum, foar it Weidumer doarpshûs, de Rûnkranter, foar Nij Dekama en foar Harmonie Weidum yn ’t bysûnder. Fansels helle Klaes yn syn bedankpraatsje ek Freark oan, dy’t sa faak de hannen foar oaren út ‘e mouwen stuts. Tegearre hawwe Freark en Pytsje hiel wat frijwilligerswurk fersetten.

Pytsje bedankt foar alles!