12 desimber 2012
De minsken achter…. de merke Hjoeddedei libje we yn in wrâld wêryn ’t elts it drok hat. Faaks krije je as antwurd: “Ik ha it drok”, wannear ’t je freegje hoe ’t it giet. Yn in tiid wêryn ’t minsken yn it deistich libben aktyf binne, is it altiten wer bysûnder dat der frijwilligers binne. Frijwilligers dy’t neist harren eigen drokten ek noch tiid fine om har yn te setten foar it doarp. In soad aktiviteiten yn Weidum, Jellum en Bears wurde organisearre troch frijwilligers. En dat is prachtich! It bynt de mienskip en jout libben yn it doarp. Mar wat witte we eins fan dy frijwilligers? Wa binne se? En wat binne harren driuwfearen? Dat we net sûnder dy frijwilligers kinne, is foar elts dúdlik. Heech tiid om harren ris sintraal te stellen. Dat dogge we yn de kommende Rûnkranters. Diskear binne it de minsken achter de merke. In ferslach fan in petear mei Jan de Vries en Henk-Jan Visser. Sy foarmje mei noch seis oare leden de merkekommisje fan Weidum. De tariedings foar de merke begjinne al betiid yn it jier. Sawat ien kear yn ’e moanne sit de kommisje by elkoar om te brainstoarmjen oer it tema en de ynfolling derfan. Dat binne gesellige jûnen, wêrby’t in soad wille makke wurdt. Yn sa’n sfearke ûntsteane dan ek de bêste ûntjouwings neffens Henk-Jan. As it tema goed úttocht is, giet de merkekommisje út elkoar yn subkommisjes. De ferskillende ûnderdielen fan de merke wurde fierder útwurke yn dy subkommisjes. Der is bygelyks in kommisje foar de spultsjes ien foar de bernemoarn, ien foar de ynfolling fan de tongersdeitejûn en gean sa mar troch. Fan maaie ôf wurd der hast wol wykliks fergadere yn de subkommisjes. Yn de lêste wike foar de merke komt it derop oan. Mear as full-time oan e slach om alles te regeljen en op te bouwen. De oanklaaiing fan de seal is yn dy wike ien fan de wichtige wurksumheden. De iene nimt frij foar dy wike, de oare docht de wurksumheden safolle mooglik yn ’e jûnsoeren. Neffens Henk-Jan is dat fanselssprekkend: it is frijwilligerswurk, wêryn’t je sels kieze hoefolle tiid je dêr ynstekke. Driuwfear hjirby: ‘It moat leuk weze! Je dogge it om’t je der nocht oan ha!’ Foar fiif jier binne je ferbûn oan de merkekommisje. Foar Henk-Jan wie dit syn lêste jier. Hy hat der noch in jier bytekene. Henk-Jan fynt it prachtig wurk en foaral de gesellichheid wol er noch net misse! Bysûnder om te fermelden is dat op dit stuit de hiele kommisje ymport is! Der sit gjin Weidumer by dy’t ek yn it doarp geboaren is! Doe’t Jan de Vries in jier yn Weidum wenne, waard er benadere foar de kommisje. It like Jan in moaie kans om sa de minsken yn it doarp kennen te learen. Foar Jan is de merke yn Weidum bysûnder: ‘It is in feest foar jong en âld’, dat wie hy yn ’e Wâlden sa net wend. De rollen yn sa’n kommisje wurde al gau dúdlik: elts docht dêr ’t er goed yn is. Jan is bygelyks ien fan de ‘ideenspuiers’: hy is goed yn it tinkwurk fan it gehiel. Jan: “We folje elkoar goed oan, en elts wurdt ynsetten dêr’t hy of sy goed yn is”. Yn de merke is it foaral in soad dwaan: elts ûnderdiel moat delset wurde en je binne hieltiten oan it foarúttinken. Henk-Jan: “Jûns op it feest is it dan ek genietsjen as in dei slagge is!” De earste dei fan de merke is neffens de mannen in spannende dei. Hoe sil it doarp de merke fine? En hat elts it wol nei ’t sin? Op tongersdeitejun om 00.00 oere lûkt de kommisje har werom yn de boppeseal. Under it genot fan in hapke en in drankje wurdt der dan efkes stilstien by hoe’t alles rint. Jan: “Dêr wurde dan in soad komplimenten oan elkoar útdield, dat is echt in bysûnder momint!” Mei in goed gefoel tinke de mannen werom oan de merke fan 2012. It wie in slagge gehiel! No fierder mei it tarieden fan it Krystmiel! Dy organisaasje is ek yn hannen fan de merkekommisje. …En ûndertusken wurdt der al wer drok neitocht oer it tema foar takom jier! Grietsje Meulenaar