D’UM

Fryske top 1000 by by Folkert en Corina

31 oktober 2011

Fryske top 1000 by by Folkert en Corina

De hjerstfakansje stie by omrop Fryslan yn it teken fan de fryske top 1000! Yn de weekkrant siet in poster as reklame. As je dy foar it rút hongen, koene je in húskeamerkonsert, in nostalgiske radio of in i-pad winne. Ik fûn it wol aardich de poster op te hingjen. As ik troch it doarp rûn mei hûntsje Kees seach ik fierder gjin posters hingjen. Dus................ as men yn Weidum komme soe, hiene wy in kâns. Tiisdei te middei belle Willem de Vries fan de omrop dat wy in huskeamerkonsert wûn hiene, en as wy woansdei te moarns tusken 9.30 en 10.00 oere wol thús wiene. Tafallich wie dit sa en wy fregen noch wat freonen en buorlju om hjir de moarns te kommen. Om 9.15 oere stiene Jacob en Krijn fan Die Twa al foar de doar. Lokkich hie ik de kofje hast brún. Letter kaam Willem de Vries ek noch. Om 9.45 oere song Die Twa it numer "eachkontakt" foar ús en alle oaren dy't kamen. Dit wie live op de radio te hearen. Wy tochten dat Die Twa dernei noch wol in pear numers spylje soene foar ús, mar nee: it konsert bestie mar ut 1 nûmer. Dat foel dus wol efkes tsjin, foaral foar de bern dy't de smaak te pakken hiene fan it meisjongen. Noch gau efkes mei Die Twa of de foto, en fuort wiene sy wer, op wei nei it folgjende húskeamerkonsert. Dan noch mar in bakje kofje en elts gie syn eigen wei.