frywilligers útstapke

15 septimber 2024

Wizige op 20-09-2024, 22:37:09

frywilligers útstapke

Frywilligers útstapke

15 septimber 2024,it Frywilligers útstapke... ja it wie mar in drok wykein foar de frywilligers ???? It wie al wer mooi wat jierren lyn dat de frywilligers meielkoar yn de bus sitten ha, en dat wie ek te hearren!! In skoallereiske wie d’r neat by, wat in geselligheid. D’r wiene 2 jubilarissen en die waarden út folle borst tasongen!! Hieperdepiep Hoeraaaaa!! We kriigen sels gebak yn de bus!!
Wat hiene we prachtich waar mei in fleurich sintsje. Op nei…. en it waard Akkrum dêr't wy op de Frisian Queen stapten. Neffens my hat eltsenien genoaten, ek fan Lytse Hille en Roel en Marty dy’t hun focale bydrage leverden dizze midje. Nei de nedige drankjes en hapkes wiene we om 19.00 oere wer oan wâl en waarden we troch de bus wer yn Weidum brocht.

What happens on the Frisian Queen stays on the Frisian Queen