Glêsfiber (Glasvezel) yn Weidum

7 maart 2022

Wizige op 01-04-2022, 10:07:57

Glêsfiber (Glasvezel) yn Weidum

Eltsenien yn Weidum kin no gratis oanslúten wurde op glêsfiber, mar alinnich as 20% fan Weidum har oanmeld. Delta sil de glêsfiber oanlizze, it is de bedoeling alle plakken fan de âlde gemeente Littenseradiel oan te slúten.

Foardielen fan Glêsfiber
Wêrom soenen jo kieze foar glêsfiber ? No dêr binne in oantal redenen foar !

  • It snelste ynternet foar itselde jild. Foar glêsfiber binne jo ûngefear it selde of soms sels noch minder kwyt dan no fia coax (Ziggo) of koperoanslúting (KPN). Mar hjirfoar krije jo wol in gruttere snelheid.
  • By glêsfiber ha jo jo eigen oanslúting, dat wol sizze jo eigen glêsfiber fan jo hûs tot oan de provider. Jo hoege dy ferbining dus net te dielen mei oaren yn’e Weidum. Hjirtroch is altyd de ynternet snelheid der’t jo foar betelje beskikber.
  • Upload snelheid is like heech als download snelheid. By coax en koper ferbiningen is dit folle leger oant wol 20x langsamer. Mei nammen foar thús wurkjen kin dit in útkomst wêze.
  • Online game giet fierwei it bêst mei glêsfiber ynternet, want hjirmei hast in super stabiele ferbining dy’t in hiele hege snelheid oan kin. Dit betsjut in hiele snelle responstiid en gjin fertragingen mear yn dyn spul !! Even in nij spul downloade ? Sa klear !!
  • Mei glêsfiber komt in nije keuze foar ynternet, hjirtroch ha Weidumers mear frijheid, op it glêsnetwurk kinne jo kieze foar meardere providers, mar fansels hâlde jo ek de moochlikheid foar coax of koper. Troch disse konkurrinsje bliuwe de prizen foar ynternet ek skerp.

Glêsfiber en doarpsbelang It Nut

Der binne twa providers te witten Caiway en Delta,  dy’t in aksje dogge mei it Nut. Wanneart jo fia ûndersteande links oanmelde by Caiway of Delta dan krije josels 25 euro foardiel en wurdt tagelyk foar elke oanmelding 50 euro stoarten wurde nei it doarpsbelang. It Nut sil dit jild brûke foar it ferbetterjen fan de leefberens yn Weidum.

Oanmelde by Caiway kin fia: http://aklam.io/ti7VyS

Oanmelde by Delta kin fia: http://aklam.io/lnEXed

Fia disse links kinne jo ek sjen wat jo kwyt binne en wat de betingsten (voorwaarden) binne fan de providers.

It is hiel belangryk dat jo snel oanmelde, dit moat foar ein april omdat dan it beslút nommen wurde sil om wol of net glêsfiber yn Weidum oan te lizzen. We ha beslist earst dy 20% noadich foardat oanlein wurdt. As der oanlein wurdt krijt eltsenien in oansluting, allinnich moat jo dan wol betelje foar de oanslúting wanneart jo glêsfiber wolle. Dus meld jim allegearre oan !!

Der sil begjin april ek noch in ynfojûn organisearre wurde yn it doarpshûs !