D’UM

Gouden Gurbes

14 novimber 2013

Wizige op 29-11-2019, 09:39:16

Gouden Gurbes

In ôfladen seal fol minsken yn de Harmonie ôfrûne sneon 5 oktober. De Gouden Gurbes waarden útdield en ek de bern fan BIS (Berne Iepenloftspul) sieten foaroan op de moaie ‘pluche, stuollen. In pear yn de orzjinele toanielpronk mar de measten spesjaal optutte foar dit spannende galamomint. Oeral yn de seal plukjes iepenloftselskippen. De opteine spanning wie fan de gesichten te lêzen. In protte reüny-eftige omearmingen en fleurich gekeuvel, wat sa by toanielselskippen past. Faak in hiel seizoen, moannenlang yntinsyf mei elkoar oplutsen en dat jout in bân. Ek de Jorwererst wiene mei syn allen yn ien grutte bus ôfreizge, de hiele klub siet boppe yn de seal. Pieter de Groot (man fan ús boargemaster) krige it wurd en beskreau yn moaie wurden syn ûnderfinings as sjueryfoarsitter. Hjir en dêr waard in Gurbe útdield (der wiene 6 Gurbes en 13 selskippen), ôfwiksele mei stikjes sang út ferskate stikken. Doe begong hy oer de haadrollen en by it wurd Quin gie der in earferdôvjend gejoel op út de seal: Wybo Smids hie de Gurbe wûn. Alle Jorwerters en Weidumers, ek de bern, stutsen de hannen yn de loft. Dit wie geweldich! Oanslutend mochten alle BIS-bern, hop, it poadium op en feroveren hja de seal mei in spetterjend, oansteklik sjongend en dûnsjend spektakel, elk song en klapte mei. Nei de huldiging fan it bêste stik (Snits) kaam de sjuery ta de ekstra priis en dy gie, jûchhei, nei Tjerk Kooistra as fernijend persoan, "In fin mear as in bears" en dat fine wy fansels al jierren. Doe 't oan ’e ein ek de publykspriis nei Jorwert gie (yn ûntfangst naam troch Ekko de Bakker) wie de seal te lyts. De hiele boppenste hoeke ûntplofte en ek wy stutsen de hannen wer fier de loft yn. Wat in prachtige middei. Wy binne grutsk, op ús Gurbewinners, mar ek op de BIS-bern, dy't mei harren strieljend optreden de middei in ûnferjitlike feestlikheid meijoegen. Marineke van der Zijpp