D’UM

Greidefûgelsoarch om Weidum hinne: in fleanend seizoen!

17 augustus 2022

Wizige op 20-08-2022, 09:51:55

Greidefûgelsoarch om Weidum hinne: in fleanend seizoen!

In protte skriezen, ljippen, tsjirken en strânljippen hawwe dizze maitiid mei harren jongen lokkich feilich de einstreep helle. Yn sekuer oerlis mei boeren en aktive monitoaring fan de neisoargers waarden de omstannichheden fan dizze kwetsbere fûgels optimalisearre. Plasdrasgebiet, krûdige begroeiïng en taspitst lânbewurkingsbelied makke dat mooglik.
In signifikante tafaller wie de lege predaasjedruk dit jier yn de gebieten. Fan de registrearre nêsten achter It Wiel, wie te sjen dat, mei help fan alle soarch,  80 % fan de piken fleanfluch wurden is. In geweldich resultaat! De oare kriten om ús trije doarpen hinne joegen sa’n selde byld. In lust om troch it lân te rinnen mei dy kakofoany oan fûgellûden. Hulde oan de wiidweidige meiwurking fan de lâneigners en it foarsichtige omtinken fan alle leanwurkers by harren drokke wurk.