23 oktober 2017
Wizige op 27-11-2019, 13:17:06
It wie in pear jier lyn dat Wybo, by ien fan de projekten dy’t wy foar en mei ús boargemaster dogge, mei frou Liemburg prate oer it ôfskied fan de gemeente. Dat moasten we dochs net sûnder erch foarbygean litte? Frou Liemburg wie it folslein mei him iens en in ôfskiedsbarren stie fan dat momint ôf prominint op de aginda fan de gemeente.
In goed jier letter hawwe Wybo en Tjerk de plannen ris goed en trochtocht útwurke en presintearre oan Boargemaster, Wethâlders en Gemeenterie. Ein 2017 sil der in film mei bylden fan de gemeente op in grut skerm te sjen wêze mei live muzyk fan in korps en solisten. Ien grut barren mei muzyk, bombaarje en byld. Idee wie (en is) om net it tiidrek Littenseradiel te einigjen mei treurjen en stille trom, mar mei grutskens, tefredenheid en oan franje grinzjende bombaarje. Dus gjin rou om it ferlies fan Littenseradiel mar fiere dat it sa moai wie en wierskynlik ek bliuwt of oars wol wer wurde sil.
B&W en de Rie joegen mids 2016 in folslein mandaat en fan dat momint ôf wiene Wybo en Tjerk dêr wykliks, soms dageliks mei dwaande. Jorrit Laverman wie al frege om de muzyk te arranzjearjen en is dus as tredde Weidumer belutsen by dit unike projekt.
Om’t der sa’n 150 minsken meiwurkje oan it projekt en om dat yn goede banen te lieden is Anke Boersma (ek fan Weidum) frege as projektmeiwurker en om de kommunikaasje en organisaasje nei en fan al dy frijwilligers te dwaan. Dêrnjonken is Sylvia Hania (bekend fan de Slachtemaraton) oardel dei yn ’e wike dwaande om de kommunikaasje en marketing nei bûten ta te dwaan.
Sa binne we op dit stuit dus al hast in jier dwaande mei fjouwer minsken en sil de rest fan de organisaasje de kommende wiken losgean.
Der falt noch mear oer te fertellen, mar alles lit him útlizze. Wol is it faaks aardich te fertellen dat Anke út elk doarp wei ien persoan socht hat dy’t bombardearre is ta doarpsgesicht. Alle 29 persoanen meielkoar foarmje in trochsnee fan de gemeente.
Ut ús doarpen wei is dat tafallich de jongerein:
Bears: Lineke Fopma, Jellum: Piter de Boer, Weidum: Fardau Talsma
De útfieringen binne yn desimber yn De Helling fan Winsum en fia De Skille wurde jim ynformearre oer de kaartsjes dy’t jim fergees (!) krije kinne.
It belooft in prachtige muzikale filmfertelling te wurden!
Wy sjogge jim graach yn De Helling en grif ek al earder!
Wybo en Tjerk