Griene Sjippe

23 april 2022

Wizige op 25-04-2022, 09:38:51

Griene Sjippe

Bytsje Minder Bytsje Mear!

Teaterkollektyf Griene Sjippe (Kabaret)

Toanielfreonen!
Nei in heftige perioade fan tsjinslaggen, om’t wy troch it koroana-firus de produksje fan Bûter, Brea en Soere Molke net mear útfiere koene lykas wy dat  graach woene en nettsjinsteande alle beheinende maatregels en finansjele tsjinslaggen, binne wy dochs wer posityf fan start gien.
Nei in tige slagge premjêre fan ús nije kabaretproduksje: Bytsje Minder, Bytsje Mear! op 2 april yn Mantgum, wie it publyk út ’e skroeven en tige entûsjast. Dêrom:

Wy komme deroan, ek yn Weidum!
Op sneon 21 maaie yn it Doarpshûs fan 20.15 oere ôf
Kaarten: € 18,-.

De spilers binne: Folkert Sijbrandij en Renee Fokkema út Haulerwyk. De muzyk is wer yn hannen fan Erwin Hendriks en de regisseur is Hotze Karsten. It lûd en ljocht wurdt fersoarge troch  Marius Del Grosso.
De skriuwers fan it kabaret binne: Folkert Sijbrandij, Renee Fokkema, Hotze Karsten en Erwin Hendriks.

Bytsje Minder, Bytsje Mear!, is in kabaretprogram mei moaie muzyk en prachtige humoristyske teksten dêr’t  in ûnske minder of in ûnske mear sintraal yn stiet. Of krekt oarsom? Dy fraach wurdt ús faak steld by it ôfweagjen fan in produkt yn in winkel.
It is wer in prachtige jûnfoljende produksje mei de nedige koartswyl, muzyk en folksaardige typearringen dêr’t alle beslommeringen út ús deistich libben yn foarkomme. Wy litte jo genietsje fan moai kabaret dêr’t yn  jo de bûsen by útskuorre!

Bestel jo kaarten op : www.grienesjippe.nl  
Oant gau!