8 juny 2020
Wizige op 08-06-2020, 19:23:20
Snein 7 juny hie it buurtbestjoer fan de HaBoSkil om de krisistiid wat troch te kommen in wiere playbackshow te organisearje. Om’t it waar de lêtste dagen net sa sinnich wie waart it noch spannend of it droech bliuwe soe.
Rûn 14 oere klearre it op wylst Patrick it lûd (boksen) en it ljocht (sinne) al oan it opbouwen wie op ’e Hanialeane.
Om 15 oere folop sinne en koe it festyn starte mei 6 acts op ’e list. Anton en Jelly praten de sjow oan elkoar. Eltsenien siet yn’e foartún sadat de 1,5m ôfstân der ek by weze koe.
Krekt at it losgean soe kamen d’r spulbrekkers, o nee dochs net it wie de earste act.
De Spelbrekers met Katinka, útfierd troch Etsje, Anton en Aukje.
Sy mochten as earste efter op de wein en waarden lâns alle túnen riden. Elts ‘húshâlden’ hie in skoareformulier krigen wêrop se 12, 10, 8, 6, 4, 2 punten takinnen mochten oan de dielnimmers.
Nei in hinne en wer ritsje troch de Hanialeane wie it spits derôf. It publyk enthousiast en de twadde act koe los.
Dit wiene it duo ‘Gurlys blog’ mei ‘Landen op Ibiza’, útfierd troch Marije & Eliza, in swingende act wertroch it publiek ek dûnsjen gong.
De tredde act wie de ferrassingsact, Queen koe op it lêste momint dochs net komme d’r wie wat mei de sjonger fan ’e band. Dus waard K3 as ferfangende act fûn. En dat wie miskien noch wol leuker ek.
Frederik en syn dochters Marijke & Rixt stûnen dêr yn de reinbôge jurkjes fan K3. Mei in spetterend synchroon dûns optreden gooide dizze act hege eagen.
Ûndertusken kaam der steeds mear folk by sjen ek fan bûten de buurt.
De fjirde act op’e list wie dy fan Sytse & Anke sy playbackten it nûmer fan Sytse & Anke “Salang ’t myn auto riden bliuwt”, mei skelters en al op it ridende poadium troch de strjitte, as spesjale act wie Aukje hjir de saxefoan solo!
Dernei kamen as fiifde act Jelly & Jort mei “de pastorale” fan Liesbeth List en Ramses Shaffy.
In moai duet mei in dreeche tekst om te playbacken.
De lêste act fan’e dei wie fan Laurens, hy hie foar it levensliet keazen, yn dit gefal Koos Alberts mei “Zijn het je ogen”, hy hie wille en oan it ein fan it nûmer kaam hy sels út’e stoel oerein.
Nei dat alle acts west wiene mochten de minsken fan de buurt harren stim útbringe.
De jury hat de stimmen telt en it wie spannend omdat d’r mar in pear punten ferskil siet tusken de nûmer 1 en 2. It wiene Sytse & Anke krekt foar K3 fan Frederik en syn dochters.
En sa mochten sy harre eigen nûmer nochris promoate.
Nei ôfrin waart d’r yn ferskate túnen noch neisitten en koene de winners oan it gebak.
It wie in geweldiche middei.
De útslach:
1 Sytse & Anke, Aukje
2 Frederik, Marijke, Rixt
3 Marije & Eliza
4 Jelly & Jort
5 Laurens
6 Etsje, Anton, Aukje
Tank oan it bestjoer, patrick, it publiek en natuurlik de artiesten.
(Foto’s binne makke troch Piet)