D’UM

Ik woe dat oeral iis lei

31 desimber 2025

Ik woe dat oeral iis lei

(Tekst: Joni Mitchell yn in oersetting fan Eppie Dam)

En sa is ’t wer Krystfeest
Elk sjout mei syn beam
Ferljochtet syn rindier
En sjongt dat liet mei snie as dream
O ik woe dat oeral iis lei
En dan fier de wrâld út

Net dat hjir snie falt
’t Is allegear grien
Ik moat mar gau in bult fertsjinje
Dan kin ik hjirwei út dit gegriem
O ik woe dat oeral iis lei
En dan fier de wrâld út

Ik woe dat oeral iis lei en gean
Tsjin myn redens sizze: flean!
Ik woe dat oeral iis lei
En dan fier de wrâld út
Ik liet myn leafste stean

Hy stie altyd neist my
Hy wie myn rêst en gerak
En hy frijde sa heidens
Dat ynienen stie ’k swak
O ik woe dat oeral iis lei
En dan fier de wrâld út

Ik bin tipelsinnich
Myn ego samar kwetst
No bin ’k fuort en los fan dy leafste
Noait ien better west
Ik woe dat oeral iis lei
En dan fier de wrâld út

O ik woe dat oeral iis lei en gean
Tsjin myn redens sizze: flean!
Ik woe dat oeral iis lei
En dan fier de wrâld út
Ik liet him wuive sûnder tút


Harkje nei dit liet op ‘You Tube’ dat songen wurdt troch Inez Timmer