1 novimber 2019
Wizige op 26-11-2019, 11:05:13
Yn it simmernûmer fan de Rûnkranter ha ik toeristyske tips jûn foar ticht by hús. Mar der binne ek âld- doarpsgenoten om utens dy’t wat bysûnders biede. Hjir wer wat tips
Tip 1:
By Feikje de Jong (Weidumer om utens): Stadslogement Breda.
Om efkes it noarden út te wêzen, kinne jo kieze foar in wykein Breda. En dat kin by Feikje de Jong yn Stadslogement Breda.
Der binne twa stylkeamers yn in âld historysk gebou yn it sintrum. Jo kinne dêr ek gebrûk meitsje fan in pear fytsen, sadat je op stap kinne yn Breda. Breda is ek noch útroppen ta ’Bêste binnenstêd fan Nederlân’.
www.stadslogementbreda.nl
Tip 2:
In bytsje tichter by hús, yn Kollum, sit Pepijn van Binsbergen (Jellumer om utens). Pepijn runt de groepsakkomodaasje Natuurlijk Kollumeroord by it Kollumer Djip yn it Lauwersmargebiet.
Dêr kinne jo te plak foar bygelyks in skoalkamp/teambuilding/houlik/grut feest ensfh.
Der is sliepplak foar 125 minsken en rûnom op it terrein is aventoer: in tokkelbaan, klimtoer, survivalbosk, swimplak ensfh. Ek is der in grut restaurant by ’t Roodehoofd. Meer ynfo www.natuurlijkkollumeroord.nl.
Tip 3:
En as jo echt fier foart wolle, kinne je bygelyks tinke oan,
Janne Richt de Boer (Weidumer(hout) om utens), mei har bedriuw: www.janes-planet.com
Janne kin jo helpe by it meitsjen fan in bysûnder reisprogramma yn Azië dat folslein oanslút op jo spesjale winsken en budzjet.
Nei sân jier wurksum west te hawwen yn Yndonesië, kaam Janne Richt wer werom nei Nederlân. Nei ’t se in soad ûnderfining opdien hie en fereale rekke wie op Azië en de lokale minsken dêr, naam se it beslút dy leafde te brûken om minsken it echte Azië sjen te litten. Net allinne de standert hichtepunten mar benammen it echte Azië en de minsken.
Dus ha jo altyd al in reis meitsje wollen nei Azië, fertel Janne Richt wat je wolle en sy regelet de rest.
Jane's Planet - discover a different Asia
Ha jo mear tips? Jou it troch oan de redaksje.
Groet Mariska