18 novimber 2019
Wizige op 26-11-2019, 11:02:29
Op sneon 16- en snein 17 novimber hat toanielferiening Oefening en Vermaak sjen litten dat dr noch a'ksje sit yn de Weidumer toanielwrâld. Ûnder lieding fan regisseur Anja Steegstra út Nij-Beets binne d'r twa ien-akters opvoerd. Beide stikken: “De Weddenskip” en “Dus…. Hy sûpte” binne ek skreaun troch Anja. Yn “De Weddenskip” gean 4 freondinnen nei it einexamenfeest fan harren middelbare skoalle. Se ha in protte wille mei- en om mekoar mar ien famke hat in akelige ûnderfyning mei in jonge tiidens it feest en dat hat jieren letter konsewinsjes. De jeugdige spylsters binne: Marijke Dijkstra, Rixt Dijkstra, Ilse Keestra, Mees Sieperda en Aaltsje vd Vegt. De barman is Wouter Bouma en oan de bar sit wat jeugd. De fammen ha geweldich spyle!
Dan komt nei it skoft de twadde ienakter oan bar: “Dus…. Hy sûpte”. Yn dit stik moetsje de selfde froulju as yn “De Weddenkip” mekoar sa’n 35 jier letter wer. Se ha in reünie en binne bliid mekoar wer te treffen. D'r wurdt ferteld oer wat de froulju de lêtste 35 jier belibbe ha mar as Aukje begjint oer wat har oerkommen is op it skoallefeest 35 jier lieden dan slacht de stemming alhiel om. De spylsters fan “Dus… hy sûpte” binne: Joke Boersma, Dieuwke de Haan, Corina Punter en Baukje de Vries. Efter de bar stiet Ait Jan Bouma. Wat wurdt ek dit stik prachtich spyle!
Op beide foarstellings komme sa’n 170 minsken ôf en de neisit is fansels super gesellich.
Sa’n produksje kin nooit makke wurde sûnder goeie frijwilligers: Technyk is yn hannen fan: Patrick Kramer, Yme Kramer en Wouter bouma. It dekôr is makke troch Ait Jan Bouma, klearn binne fersoarge troch Annemiek Schuurman, Gerry Smids en Lucy Brouwer, schmink is dien troch Cilla Geurtsen en Marieke Wijnstra en fansels wurdt alles oanstjoerd troch it bestjoer: Lucy Brouwer, Jan Rodenhuis, Jan-Tiede Bouma en Anton Wijnstra. Lucy leit nei 20 jier foarsittersskap de hammer del en wurdt der fansels even foar yn it sintsje set. Wat in geweldich kulturiel wykein wie it!!