D’UM

Jan de Groot keatspartij

26 oktober 2025

Jan de Groot keatspartij

Al yn de koroanatiid wie der in freonskiplike gearwurking tusken de keatsferiening fan Hilaard en Weidum, dy’t ‘Efkes Balje’ hjitte. Grutte stimulator hjirefter wie Jan de Groot, ferbûn oan beide doarpen. Nei syn ûnferwacht ferstjêren yn 2022 is der út earbetoan in spesjale jierlikse, nei him neamde keatswedstryd ûntstien, organisearre op ien fan de twa lokaasjes. Dit jier wie it evenemint yn Weidum op de lêste sinne-oergetten snein yn septimber.
Dik 90 dielnimmers út ferskate doarpen keatsten troch elkoar lotte op in stiiffol fjild mei wol 12 perken. It waard in tige slagge keatsdei. By de start eefkes in momint fan stilte mei in toast op Jan en nei ôfrin kaam de krânse op syn grêf.
It is in moaie tradysje yn neitins oan Jan en syn entûsjasme foar de mienskip en de keatssport.