D’UM

Keninklike earepenning

10 novimber 2023

Wizige op 28-05-2024, 07:51:33

Keninklike earepenning

KROAN

Letterlik de KROAN op ús feriening; it barde fan ‘e jûn ûnder lûd applaus yn it Weidumer doarpshûs!

Boargemaster Buma rikke muzykferiening Harmonie Weidum e.o. de Keninklike Earepenning út!

Letter mear, of lês de Op ‘e Skille fan 21 novimber: Wy sweve no eefkes op in grutte Keningsblauwe wolk..!

Juster in wike lyn sette boargemaster Buma de sprekwurdlike kroan op ús feriening. Dy feestlike jûn hie in hiel bysûndere iepening, ien dy’t wy jimme hjirre net ûnthâlde wolle:

“Jimme waarden krekt ûnderdompele yn in nagelnij stik. In bysûndere komposysje, foar it fuotljocht brocht troch ús eigen Yme, Sepkje en Johannes.

In klanklânskip oer hoe’t lytse jonkjes en famkes grut wurde mei Harmonie Weidum. Oer groei en muzikale ûntwikkeling. Oer mei je alderearste drumstokjes ûnhandich begjinne, op in blauwe trompet de earste gekke toanen meitsje. Oer je hielendal kapotskamje yn je pubertiid. Oer de senuwen foar dy iene lestige solo…

Mar ek oer hoe’t leden rom 60 jier muzykmeitsje by Harmonie Weidum, en sa part fan ús dielde skiednis wurden binne. Oer hichtepunten, mar likegoed oer djiptepunten. Oer it oerstiigjen fan grinzen, it winnen fan prizen of oer it sluten fan freonskippen foar it libben. Oer dat Harmonie Weidum echt fólle mear is dan inkeld wat toeters en trommels. Oer hoe’t dat ynearsten fierstente grutte unifoarm je mei de tiid past as in waarme jas.

In klanklânskip as knypeach nei ús takomst, want nei 125 jier kaam der hjoed mei dit wurk wer in folslein nij lûd út ús feriening.

Meie wy de hannen op elkoar foar de komponist: Yme Kramer!”