Keninklike ûnderskieding foar Jan Suierveld

23 augustus 2011

Wizige op 11-11-2019, 12:24:01

Keninklike ûnderskieding foar Jan Suierveld

Moandei 22 augustus waard ûnder de 35e lotting fan de Froulju’s PC de 62-jierrige Jan Suierveld ferrast mei in keninklike ûnderskieding. Dizze ûnderskieding fertsjinne hy mei syn frijwilligerswurk foar de keatssport en yn it bysûnder it frouljuskeatsen; yn 1977 wie hy inisjator fan de Froulju’s PC. Fierder is hy al sûnt 1960 belutsen by de pleatslike muzykferiening, de Harmonie. Suierveld set him al 35 jier yn foar de keatssport yn Fryslân. Fan 1977 ôf inisjearre hy de Froulju’s PC en yn 1978 betocht hy de Keninginnepriis foar de beste spylster fan de dei. Fan 1977 oant en mei 1997 en fan 2002 oant no is hy deifoarsitter fan dit unike sportevenemint, dat útgroeid is ta in keatsklassiker mei provinsjale alluere. Fan 1983 is Suierveld foarsitter of bestjoerslid fan keatsferiening ‘De Nije Kriich’ yn Weidum; yn dy funksje riede hy ûnder oaren it75-jierrich jubileum ta fan de feriening en boude de organisaasje fan de Froulju’s PC fierder út mei as ynnovatyf hichtepunt de earste rjochtstreekse útstjoering fan de keatspartij fia ynternet yn 2007. Sûnt 2004 is Suierveld ferbûn oan it Keatsmuseum yn Frjentsjer, wêr’t er ferantwurdlik is foar it behear en de ûntsluting fan de museale kolleksje yn it keatsmuseum. Hjirfoar sette er tsientûzenen keatsfoto’s en hûnderten keatsfilms op www.kaatshistorie.nl sadat se beskikber binne fia ynternet. Dêr ûntploaide er ek mear aktiviteiten lykas eksposysjes. Neist it keatsen set Jan Suierveld him al sûnt syn tolfde yn foar de muzykferiening yn Weidum, Harmonie, sawol as bestjoerslid as frijwilliger. It bestjoer fan de muzykferiening neamt him de driuwende krêft efter de organisaasje. Se seinen it sa: “It bestjoer kin altiten in berop op de hear Suierveld dwaan.” Foar it 50-jierrich bestean fan de drumband sette er de hiele skiednis fan de band op papier, wat in enoarme ynset ferge. Nei it oardiel fan it Kapittel voor de Civiele Orden is Suierveld ‘iemand die zich geruime tijd ten bate van de samenleving heeft ingespannen of anderen heeft gestimuleerd.’ Dêrom waard hy ûnder de lotting fan de Froulju’s PC beneamd ta Lid in de Orde van Oranje-Nassau.