18 april 2011
Snein 17 april hie de sjongerij harren lêste rippertysje fan dit seizoen. Sa as dat ynmiddels in tradysje is, is dit in iepenbiere rippertysje mei in mini-konsert. Omdat it skitterjend waar wie is der beslúten bûten te sjongen. En wat in sukses! In protte publiek in protte lol en in prachtig konsert. Nei it mini-konsert binne alle besikers en it koar nei de lytse seal gien wêr de première fan de dvd wie. Dizze is makke omdat de dirigent Gert-Jan der nei 3 jier mei stoppet. It koar hat tegearre mei Wybo 2 fideoklips makke en de dvd oanbean oan Gert-Jan. Der is noch efkes lekker lang neisitten en twitterjend Weidum kaam, troch it lêzen fan de tweets fan bepaalde gasten, ek noch efkes del. Al mei al in prachtige middei!!