D’UM

Koperpoetse

25 april 2025

Wizige op 25-04-2025, 22:35:24

Koperpoetse

De Weidumer tsjerke is fan binnen ryk fersierd mei prachtige koperen kearsehâlders. No’t it interieur sa fakkundich yn âlde styl renovearre is, past dêr fansels allinnich noch mar glimmend koperwurk by.

In entûsjast groepke poetsers kaam mei lapen âld beddeguod en oare fodden in moarnsskoft byelkoar om de ornaminten ris bêst mei Brasso op te wriuwen.
Al gau fleagen de oantinkens oer metaalpoetstaken fan eartiids, suver in útstjêrend ambacht, hinne en wer oer de tafel. Mei allerhanne tips, sa as: doffe, fettige, sulveren kettinkjes eefkes in nachtsje yn polkewetter mei in stikje sulverpapier lizze!

De kandelers dy’t klear wiene kamen op in aparte tafel, want sei Franci : “anders begin ik er toch weer per ongeluk op om te poetsen”.
Wat sil it aanst moai stean, as alles wer fêstskroefd is en rûnom yn de tsjerke hinget te blinken!

Marineke van der Zijpp