8 jannewaris 2009
Wizige op 10-11-2019, 15:50:16
Ek de bern fan Weidum, Jellum en Bears ha har yn de krystfakânsje prima fermakke op Cuba. Alle geneugten fan dit fiere, waarme eilân ha se priuwe kind op sneon 27 desimber. Muzyk meitsje, salsa dûnsje, in cocktail ite, luiere op it strân... Ferrassend wie dat der yn dat sân ek noch ris snobbersguod te finen wie. De trommelles ûnder lieding fan Fransiska de Vries wie in hichtepunt. Op grutte sels opskildere oaljedrums mochten de bern har útlibje. It dak fan it doarpshûs gong der hast ôf! Foar de gruttere bern begûn it jûnsprogramma ek wer mei in perkusje-workshop. Noch mear desibels as middeis! De salsa-demonstraasje fan Monique , Ton en Corina brocht alle jongens en famkes op de dûnsflier. De basispas hiene we sa mar ûnder de knibbel. Mei de bingo koene we gelokkich wer eefkes sitte. De lieding fan dit spul wie by Sytse van der Vegt en Tiny Koning yn deskundige hannen. Op it ein noch eefkes limbodûnsjen op muzyk fan DJ Bert en doe wie it al wer tiid om nei hûs. It oare jier mar wer hinne.