Merkeupdate 11 juny 

11 juny 2020

Wizige op 24-06-2020, 08:42:18

Merkeupdate 11 juny 

Beste Weidumers,
Achter de skermen binne wy hiel drok dwaande mei it organisearjen fan in ‘Koroanafeilich’ merkeprogram op 2, 3 en 4 july 2020.
Wy ferwachtsje jim oan de ein fan nije wike it programmaboekje troch de brievenbus te besoargjen. Noch hiel even wachtsje dus (mar dat binne jim sa stadichoan wol wend…).
Wy wolle jim wol alfêst fertelle dat de aktiviteiten dit jier inkeld foar minsken út Weidum binne, dat klinkt hiel streng en soks is net om flau te wêzen, mar fanwege de sitewaasje en de dêrby hearrende risko’s kin it dizze kear gewoan net oars.